Himdyk (Snits)
De Himdyk is in wyk binnen de stêd Snits. De wijk hat (yn 2008) 1150 ynwenners en hat in oerflak fan 196 hektare (wêrfan 4 hektare wetter).
Lizzing en berikberheid
bewurkje seksjeDe wyk grinzet yn it noarden oan de wiken Noarderhoek I en Noarderhoek II, yn it easten oan de Stasjonsbuert (Snits) oan de Binnenstêd, yn it suden oan de Stedsrûnwei-Súd en yn it westen oan it Yndustryterrein De Himmen.
De wei Himdyk is de haadier fan de wyk. In oare gruttere ferkearsier yn de wyk is de Boalserterdyk, dy't de ferbining foarmet mei de Prins Hendrikkaai en de útfalswegen rjochting de A7. Dy dyk foarmet ek de noardlike wykgrins. De wyk wurdt yn het easten diels begrinze troch it natoergebiet Spoardok.
Direkt neist de wyk leit it treinstasjon en it busstasjon fan Snits.
Bebouwing en histoarje
bewurkje seksjeIn him is in binnenpolder, dy't nei de ferbettering fan de wettersteatkundichheid ferfongen waarden troch seediken. In himdyk is in dyk dy't de him beskerme, yn it gefal fan Snits tsjin it wetter fan de Middelsee.
Wenningen yn de Himdyk hawwe in steatlik karakter, dit jildt benammen foar de wenningen oan de Himdyk (strjitte) en Boalserterdyk. Grut skaaimerk fan de wyk is it Bogerman College, wêrfan de bou yn 1956 klear wie. Yn de wyk stie ek de Detailhandelsskoalle, dy't letter Friese Poort neamd wurde soe. De wyk soe letter meardere kearen útwreide wurde.
Op it uterste súdeastlike puntsje fan de wyk leit it Geau-akwadukt. Yn it westen fan de wyk, efter de Bogerman, leit it Antonius Sikehûs.
Strjitnammeferklearring
bewurkje seksjeDe nammen fan de Himdyk hawwe in link mei wetter en greidefûgels.
It besjen wurdich
bewurkje seksjeYn de wyk binne gjin rysmonuminten. It natoergebiet Spoardok is it besjen wurdich.
Foarsjennings
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Wiken en buerten yn de stêd Snits | ||
---|---|---|
Wiken: Aldfeart • Beammebuert • Binnenstêd • De Domp • It Eilân • Dúnterpen • It Ges • Harinxmalân • Himdyk • De Himmen • Houkesleat • Lemsterwei-East • Lemsterwei-West • Ljouwerterdyk • De Lotten • Noardeasthoek • Noarderhoek I • Noarderhoek II • Pasfear • Poarte fan Snits • Sperkhim • Stasjonsbuert • Stedsfinne • Swetteplan • Tinga | ||
Buerten: Malta • Spitaal • Túndoarp | ||
· · |