It Eilân (Snits)

It Eilân is in wenwyk binnen de stêd Snits. De wyk telt (yn 2008) 1310 ynwenners en hat in oerflakte fan 19 hektare (wêrfan 3 hektare wetter). It Eilân is kwa oerflak de lytste wyk fan Snits.

It Eilân

De wyk grinzet yn it noarden en westen oan de buert Ljouwerterdyk, yn it suden oan de Sperkhim en yn it easten oan de De Domp.

De wyk wurdt diels gebrinze troch wetter, fandêr de namme It Eilân. Yn it westen en noarden foarmet de Snitser Aldfeart de grins, yn it easten is dit it Jachthavenkanaal en yn it suden is dit it Simmerrak.

Histoarje en bebouwing

bewurkje seksje

De wyk It Eilân wie nei de Twadde Wrâldoarloch bedoeld om wenjen en wurkjen tiicht by elkoar te bringen: der waarden wenningen boud en fabriken. De measte wenningen yn dize wyk binne boud tusken 1945 en 1975. Sirka 40 wenningen yn it noarden fan de wyk binne iengesinswenningen, de rest bestiet benammen út portykflats foar starters en frijwat nije appartemintegebouwen foar de âlderein oan it Simmerrak. It grutste diel fan de wyk bestiet út hierwenningen, dy't meast beheard wurde troch Wenningstichting De Wieren. De strjitten yn de wyk binne meast ferneamd nei skippen of skipsûnderdielen. Foarbylden binne de Seilstrjite en de Mêststrjitte. Ynearsten is de ferwizing begûn nei oanlieding fan ide tichtby lizzende Snitser Jachthaven.


It earste bedriuw dat him fêstige op It Eilân wie jirpelhannel Lodewijk oan de Pampuskaai. Alle bedriuwen en fabriken dy't op it Eilân sieten binne no ferdwûn. Dizze lokaasjes binne meastentiids mei nijbou beboud.

IYn de wyk s in wykferiening aktyf dy't wyksintrum wyksintrum It Roefke beheart. Foar it wykgebou wie lange tiid in sportfjild, mar dat is yn de jierren njoggentich beboud.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • De fuotgongers- en fytsbrêge oer de Aldfeart tusken de 1e Easterkaai en de Harinxmakaai (2007)

Foarsjennings

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Gemeentebestjoer Snits (1978) Geschiedenis in straatnamen.
  • Gemeente Snits, Provinsje Fryslân, Rykstsjinst foar Archeology, Kultuerlânskip en Monuminten (2008)

  Wiken en buerten yn de stêd Snits  
Wiken:
AldfeartBeammebuertBinnenstêdDe DompIt EilânDúnterpenIt GesHarinxmalânHimdykDe HimmenHoukesleatLemsterwei-EastLemsterwei-WestLjouwerterdykDe LottenNoardeasthoekNoarderhoek INoarderhoek IIPasfearPoarte fan SnitsSperkhimStasjonsbuertStedsfinneSwetteplanTinga
Buerten:
MaltaSpitaalTúndoarp
  ·   ·