Tonnemafabryk
Tonnemafabryk is in fabryksgebou foar de produksje fan snobbersguod yn Snits.
Tonnemafabryk | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
plak | Snits | |
adres | Oude Oppenhuizerweg 6 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Fabryk | |
boujier | 1949 (earste opslachloads) 1955 bou klear | |
arsjitekt | Jo Boer | |
boustyl | Funksjonalisme | |
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 530843 |
It snobbersguodfabryk fan Tonnema út 1955 waard boud nei ûntwerp fan de Grinzer arsjitekt Jo Boer (1895-1971). Karakteristyk oan it gebou binne de njoggen bôgen fan it seachdak. De gevels binne fan giele ferblendstien. It nije fabryk wie nedich fanwege is súkses fan de Rangsuertsjes en de KING pipermunt. Yn de jierren sechtich waard it fabryk útwreide.
Yn 2007 waarden it Tonnemafabryk en de wettertoer fan Dokkum (1958) as ienichste twa bouwurken yn Fryslân út de perioade 1940-1958 troch de Rykstsjinst foar Archeology, Kultuerlânskip en Monuminten as ryksmonumint oanwiisd. Erkenning folget lykwols earst nei oerlis mei de eigner, en ynstimming fan de gemeenterie.
Ynterieur
bewurkje seksje-
Dakkonstruksje
-
Gong
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |