KING is in pipermuntmerk út de eardere Tonnemafabryk fan Tonnema yn Snits. It resept soe mar by fjouwer minsken bekend wêze. [boarne nedich]

 
Ald KING-pipermuntblik

Yn 1902 rjochten in pear manlju it sûkerwurkbedriuw Tonnema yn Snits op. It fabryk makke pipermunt foar ferskate ôfnimmers yn ferskate kwaliteiten en smaken. Yn de jierren '20 ferliet men dy opset en keas foar in strak merk- en kwaliteitsbelied. Yn 1923 waard it eigen merk deponearre: KING, de kening fan de pipermunt. KING betsjutte Kwaliteit In Niets Geëvenaard. De losferkochte pipermunt ferdwûn. Fan 1929 ôf waarden it pipermuntrôlen, dy't de earste fjouwer jierren noch mei de hân berôlje waarden.

Smaak: Extra Strong

bewurkje seksje

Yn it begjin fûn men de smaak tige sterk. Tonnema sette der dêrom "Extra Strong" op. No is dat de normale smaak woarn, sadat der in nije sterkere pipermunt makke is. Yn 1993 kaam de nije Ekstra Strong; "in kombinaasje tusken krêft en lekker".

KING pipermunt as in woldiedich medisyn

bewurkje seksje

Yn it earstoan wie de pipermunt as natuersuver produkt yn trek as medisinale pipermunt. De KING pipermunt waard advertearre as 'opwekkend en ferkwikjend as in woldiedich medisyn'. Men woe de kwaliteit kontrolearje litte troch in ûnôfhinklik ynstitút en kaam út by it "Laboratoarium foar Gemysk en Mikroskopysk Undersyk: P. van Hamel-Roos; Adviseurs foar Skiekundige en Hygiënyske saken fan it hûs fan H.M. de Keninginne". Dokter Van Hamel-Roos, apteker en analist yn Amsterdam, kontrolearre de kwaliteit in pear kear yn 't jier. Hy wenne doe oan de Keizersgrêft (nr 800) en hie dêr ek syn gemysk laboratoarium. Letter naam de oerheid mei it TNO dit type keurings oer. Troch in wetswiziging ferdwûn it predikaat "medisinaal" fan de ferpakking. Wat bleau is it antlit fan dokter Van Hamel-Roos, dat noch altyd op alle rôlen KING pipermunt stiet.

  • Stef Bos hat in liet skreaun oer King pipermunt, mei de tapaslike namme 'pepermunt'. (Het wordt gefabriceerd in Friesland / Het heeft een koninklijke naam, Het is de protestantse cocaïne / Voor de gereformeerde junk...).