Dokkumer Wettertoer

(Trochferwiisd fan Wettertoer (Dokkum))

De Dokkumer Wettertoer is ûntwurpen troch arsjitekt J.J.M. Vegter en waard boud yn 1958. By it ûntwerp waard rekken holden mei in restaurant boppe yn de toer. De wettertoer hat in hichte fan 37 meter en it wetterreservoir hat in opslachkapasiteit fan 1000 m3.

Wettertoer Dokkum

Yn oktober 2010 is dizze wettertoer in ryksmonumint wurden.