Jo Vegter

(Trochferwiisd fan J.J.M. Vegter)

Johannes Jacobus Margarethus (Jo) Vegter, yn de literatuer faak J.J.M Vegter, (Sappemeer, 16 septimber 1906Gorssel, 7 augustus 1982) wie in Nederlânsk arsjitekt.

Jo Vegter
Yr. Vegter (rj), 1961
Yr. Vegter (rj), 1961
persoanlike bysûnderheden
echte namme Johannes Jacobus Margarethus Vegter
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 16 septimber 1906
berteplak Sappemeer
stoarn 7 augustus 1982
stjerplak Gorssel
wurkpaad
berop/amt arsjitekt

Libben en wurk

bewurkje seksje

Jo Vegter wie in soan fan haad fan 'e skoalle Johan Georg Christoph Vegter en Wilmkje Everts. Hy boaske oan Julie van de Kieft (1913-2007), dochter fan politikus Johan van de Kieft, dy't fan 1952 oant 1956 minister fan Finânsjes út namme fan de Partij fan de Arbeid wie. Soan Chris Vegter waard ek arsjitekt.

Hy groeide op yn De Haach, studearre boukunde yn Delft, fêstige him yn 1935 in Ljouwert oan de Harnzerstrjitwei 26 as opfolger fan architekt Doeke Meintema en luts ek yn Meintema syn filla oan de Harnzerstrjitwei. Yn de Twadde Wrâldoarloch brocht er tegearre mei syn freon Bram Wassenbergh fan it Frysk Museum ek wol keunstwurken yn feilichheid. Nei de oarloch siet er yn de weropboukommissy fan Rotterdam. Vegter wie ryksboumaster fan 1958 oant 1971.

Dêrneist wie er fan 1936 oant 1958 learaar Algemiene Boukunde oan de MTS. Hy siet in ferskillende kommisjes yn Fryslân en wie bestjoerslid fan it Bûn fan Nederlânske Arsjitekten.

Hy wie dosint fan 1956 oant 1964 oan de Technyske Hegeskoalle yn Delft. As learling fan Marinus Jan Granpré Molière hearde er yn de begjinjierren fan syn karriêre ta de Delftse Skoalle. It Ministearjegebou fan Finansjen yn Den Haach (1975) is in foarbyld fan it Brutalisme.

Vegter boude fierders ûnder oare it provinsjehûs yn Arnhim, it nije stêdhûs en de studintesoasjeteit yn Grins, de gerjochtsgebouwen yn Hilfertsom en Wageningen, de wettertuorren yn Dokkum en Drachten. Yn Ljouwert û.o. de Kuriostsjerke, it gebou fan de Wetterlieding oan it Saailân, de Ryks Pedagogyske Akademy, wenten oan de Heliconwei, de Ingelumerstrjitte, de Harnzerstrjitwei. Dêrneist restaurearre Vegter stedhuzen en tsjerken, wêrûnder dy fan Jannum, Aldeboarn, Westergeast, Dokkum Jorwert en Frjentsjer. Vegter syn arsjitekteburo makke ek stêdeboukundige útwreidingsplannen foar gemeenten. Yn 1976 gie soan yr. Chris Vegter in maatskip oan mei syn heit.

Vegter waard beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw, Ridder en by befoardering Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Op 30 oktober 2018 waard it argyf fan arsjitekteburo Vegter troch Chris Vegter offisjeel oerdroegen oan Tresoar. Tresoar beskôget it argyf fan nasjonaal belang, mei't it in goed byld fan de stêdeboukundige skiednis fan de 20e iuw jout.[1]

Wurk (karút)

bewurkje seksje

Vegter syn ûntwerp (yn 'e mande mei Johannes F. Berghoef) foar it nije stehûs fan Amsterdam yn de jierren sechtich waard net realisearre, mar makke him wol lanlik bekend. De útwreiding fan it stedhûs fan Grins, doedestiids bekend as it Nieuwe Stadhuis waard wol útfierd, mar waard al yn 1996 wer sloopt.

Jier Bouwurk Plak Ofbyld
1944 Restauraasje tsjerke Janum  
1943 Brânwarkazerne Rhenen  
1952 Moalfabryk Latenstein Rotterdam  
1954 Studinte Soasjeteit Mutua Fides Grins  
1954 Provinsjehûs Arnhim  
1955 Slaakhuys Rotterdam  
1958 Wettertoer Dokkum  
1959 Wettertoer Drachten  
1959 Fakânsjehûs Gorssel
1960 Ichtustsjerke Snits  
1962 Nije Stedhûs Grins  
1964 Kantongerjocht Wageningen  
1964 Haadkantoar wetterliedingbedriuw IWGL Ljouwert
1967 Europaleanetsjerke It Hearrenfean  
1967 Kantongerjocht Hilfertsom  
1970-'73 Skoalle foar Technysk Underwiis Grins  
1975 Ministearjegebou fan Finansjen De Haach  

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tresoar: Vegters archief van nationaal belang, Frysk Deiblêd, s.24, 31 oktober 2018.