Europaleanetsjerke

De Europaleantsjerke oan 'e Europaleane wie de namme fan in protestantske tsjerke op It Hearrenfean.

Europaleanetsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
plak It Hearrenfean
adres Europaleane/C. van Scheltingawei
koördinaten 52° 57' N 5° 55' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
arsjitekt J.J.M. Vegter
boujier 1967
sloopjier gruttendiels yn 2011
Webside
Side PKN It Hearrenfean
Kaart
Europaleanetsjerke (It Hearrenfean)
Europaleanetsjerke

De tsjerke waard yn 1967 foar de Grifformearde tsjerke boud neffens in ûntwerp fan Jo Vegter. It gebou wie in tsjerkeseal (hast fjouwerkant) mei in lessenerstek, wêrfan't de súdgevel de heechste kant wie. De likernôch 25 meter hege betonnen toer dêr't de klok yn hinget stie oan 'e eastlike gevel.

De tsjerke hearde ta de Protestantske Wykgemeente It Hearrenfean. Dêrby hearden ek de Krústsjerke en de tsjerke oan de Fok, dy't de gemeente yn 'e ferkeap dien hat.

Yn 2010 naam de tsjerkeried it beslút om de Europatsjerke foar it measte ôf te brekken om sa plak te meitsjen foar it hiel nije tsjerklike sintrum Trinitas. Oan 'e súdlike kant waard in folslein nije tsjerke boud. De betonnen toer bleau dêrby bewarre.

Oan 'e Europaleane leit ek in stripe mei beplanting, in eksperimint fan Louis le Roy.

Keppeling om utens

bewurkje seksje