Krústsjerke (It Hearrenfean)

De Krústsjerke is in T-foarmich tsjerkegebou oan de Boargemaster Falkenawei , dat oarspronklik foar de grifformearde gemeente fan It Hearrenfean boud waard.

Krústsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente It Hearrenfean
plak It Hearrenfean
adres Boargemaster Falkenawei 12
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1921
arsjitekt Ane Nauta
boustyl Rasjonalisme
offisjele webside
Side PKN It Hearrenfean

Skiednis bewurkje seksje

Yn de 19e iuw bleau de grifformearde tsjerke op It Hearrenfean groeien. Om't de besteande tsjerke te lyts wurden wie, waard yn it begjin fan de 20e iuw besletten ta nijbou oer te gean. Troch arsjitekt Ane Nauta, in eardere meiwurker fan Tjeerd Kuipers, waard in ûntwerp yn rasjonalistyske styl makke. Op 3 jannewaris 1921 waard troch dûmny Hummelen de earste stien lein foar de yn wapene beton oplutsen tsjerke. It bouwurk waard yn 1963 restaurearre.

Yn it ramt fan de nijbou fan it tsjerklike sintrum Trinitas yn 2011-2012 waard de Krústsjerke tegearre mei de Tsjerke oan de Fok troch de protestantske wykgemeente yn de ferkeap dien.[1]

Op It Hearrenfean stie ek de Skoatterlânske Krústsjerke út 1637 oan de eastkant fan de Hearresleat[2]. Dy tsjerke waard nei in brân yn 1969 sloopt.

Oargel bewurkje seksje

It oargel fan de Krústsjerke stamde út 1959 en waard troch de firma J. Reil út Heerde boud. By de bou fan it ynstrumint brûkte Reil âlder materjaal fan it earste oargel fan Rohlfing út 1921. It oargel bleau bewarre foar It Hearrenfean en is troch de bruorren Reil út de Krústsjerke ferwidere en yn de nije Trinitastsjerke nei in renovaasje wer opboud.

Ofbylden bewurkje seksje

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: