Ane Nauta
Ane Nauta (Hilaard, doe yn Baarderadiel, 21 oktober 1882 - Ljouwert, 9 april 1946) wie in arsjitekt fan skoallen, pleatsen en wenhuzen.
Biografy
bewurkje seksjeHy makke namme as boumaster fan grifformearde tsjerken yn Fryslân. As soan fan arsjitekt-oannimmer Wybe Thomas Nauta en Trijntje Sytses Douma learde er it fak yn de praktyk yn Hilaard. Hy wie opsichter by de bou fan de grifformearde tsjerke fan Winterswyk (1905), dy't ûntwurpen wie troch arsjitekt Tjeerd Kuipers. Yn dy syn styl ûntwurp Ane Naute de grifformearde Stedsleanetsjerke yn Drylts (1910), de tsjerke fan Lollum (1916) en Raard (1916) en Ternaard (1921).
Oant 1920 wie Nauta gemeente-arsjitekt fan Westdongeradiel. Fernijend wie er mei de bou fan de grifformearde tsjerke op It Hearrenfean, ien fan de earste twa betonnen tsjerkegebouwen (de oare stiet op De Tynje).
Hy ûntwikkele in eigen styl dy't werom te kennen is oan de grifformearde tsjerken fan De Jouwer (1922), Wâlterswâld-Driezum (1923), Wolvegea (1923), Mearum (1924), Tsjummearum (1924), Nes (Dongeradiel) (1925), Wurdum (1925) en Dokkum (de Noardertsjerke en Eastertsjerke). Wat minder oermjittich binne de tsjerken yn Bitgummole (1925), Ljussens (1927) en Seisbierrum (1927). Yn meardere plakken wie it yn inoar opgean fan ôfskiedenen en dolearjenden reden foar nijbou fan de tsjerke, lykas yn Dokkum, Sint-Anne (1926) en Boalsert (1929).
Wurk (karút)
bewurkje seksjeJier | Plak | Wurk | Bysûnderheden | Ofbyld | |
---|---|---|---|---|---|
1911 | Drylts | Stedsleanetsjerke | Oargel is ryksmonumint | ||
1913 | Aalten | Eastertsjerke | |||
1915 | Lollum | Grifformearde tsjerke | |||
1918 | Raard | Marthatsjerke | |||
1921 | It Hearrenfean | Krústsjerke | |||
1921 | De Jouwer | Grifformearde tsjerke | Sloopt yn 1984 | ||
1921 | Ternaard | Grifformearde tsjerke | |||
1922 | Wâlterswâld | Grifformearde tsjerke | |||
1923 | Marrum | Grifformearde tsjerke | Sloopt | ||
1924 | Tsjummearum | Grifformearde tsjerke | |||
1925 | Bitgummole | Grifformearde tsjerke | |||
1925 | Dokkum | Noardertsjerke | Sloopt | ||
1925 | Wurdum | Unitastsjerke | |||
1925 | Wolvegea | Ichtustsjerke | |||
1925 | Kollumersweach | Grifformearde tsjerke | |||
1926 | Dokkum | Eastertsjerke | |||
1926 | Nes (Dongeradiel) | Grifformearde tsjerke | |||
1926 | Sint Anne | Grifformearde Gideontsjerke | |||
1927 | Ljussens | Grifformearde tsjerke | |||
1928 | Seisbierrum | Grifformearde tsjerke | |||
1929 | Boalsert | Gasthûstsjerke (Grifformeard) |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |