Gasthûstsjerke (Boalsert)

De Gasthûstsjerke is in tsjerkegebou yn de Fryske stêd Boalsert.

Gasthûstsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest Fryslân
plak Boalsert
adres Gasthûssingel 33
koördinaten 53° 03' 35" N 5° 31' 24" E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip grifformeard
Arsjitektuer
arsjitekt A. Nauta
boujier 1929
boustyl ekspresjonisme
Webside
www.gasthuiskerk-bolsward.nl
Kaart
Gasthûstsjerke (Boalsert)
Gasthûstsjerke

De grifformearde tsjerke en de pastorij (Nanne Reynstrjitte 1) komme fan 1929. De krústsjerke mei dakruter yn saaklik ekspresjonistyske arsjitektuer waard boud nei in ûntwerp fan Ane Nauta en J.H. van der Veen. It is in tsjerke fan de PKN-gemeente Boalsert.

It oargel fan 1953 waard makke troch Fonteijn & Gaal dy't in oargel fan de firma Dekker út 1910 ferfong.[1]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Noaten
  1. www.orgbase.nl, argivearre op 4 april 2023
Boarnen
  • Ronald Stenvert [et al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, diel 6. Seist: Rykstsjinst foar de Monumintesoarch / Swolle: Waanders. ISBN 90 400 9476 4
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gasthûstsjerke (Boalsert) fan Wikimedia Commons.