Grifformearde tsjerke (Wâlterswâld)
De Grifformearde Tsjerke oan de Foarwei yn Wâlterswâld is de tsjerke fan de grifformearde gemeente fan Wâlterswâld en Driezum.
Grifformearde Tsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Dantumadiel | |
plak | Wâlterswâld | |
adres | Foarwei 27 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1922 | |
arsjitekt | A. Nauta | |
offisjele webside | ||
Side fan de gemeente |
Ofskieding
bewurkje seksjeUnder ynfloed fan dûmny Georgius Abbring en syn 19e iuwske opfolgers feroare de herfoarme tsjerke fan Driesum stadichoan fan klassyk-kalvinistysk nei frijsinnich. Dat liede op 14 desimber 1840 ta de ynstitusjonearring fan in ôfskieden gemeente yn Driesum-Wâlterswâld-Dantumawâld. Dêrmei is de grifformearde tsjerke fan Wâlterswâld de âldste grifformearde tsjerke út de omkriten. Guon leden fan de ôfskieden gemeente hiene foar it bywenjen fan de preek der hiele einen reizgjen foar oer en kamen sels út Kollum, De Westereen en Feanwâlden. De earste grifformearde dûmny wie Jan Frederiks Zeebuit (1842-1849). [1][2]
Tsjerke
bewurkje seksjeYn itselde jier begûn de ôfskieden gemeente mei de bou fan in tsjerke, dy't yn 1874 ferfongen waard troch in nije tsjerke mei pastory. Dy tsjerke baarnde op 5 april 1922 folslein ôf. Oarsaak wie in kachelpiip, dy't te hyt waard en it dak fan de tsjerke yn 'e brân sette. Hast alles gyng ferlern, ek it oargel dat doe noch net lang ferlyn restaurearre wie. Al gau waard op 8 augustus fan itselde jier wat westliker fan de ôfbaarnde tsjerke de earste stien lein foar nijbou. Ta oantinken fan de bou waard yn de toer in moarmeren stien ynmitsele mei de tekst Dezen vermelden van wagens en die van paarden, maar wij zullen vermelden van den Naam des Heeren onzes Gods (Psalm 20:8).
Yn de jierren 1970 folge in restauraasje fan it ynterieur: de kreake waard ôfbrutsen en it poadium fergrutte. De preekstoel, it doopfont, de jûnsmieltafel en de ferljochting datearje út dizze tiid. Nei de restauraasje fan it oargel yn 1986 kaam de jongerein fan de gemeente mei it plan foar de oanskaf fan klok en in oerwurk yn de toer. In lytse tsien jier letter wie it safier dat de jongerein genôch jild ynsammele hiene foar it plan en der in oerwurk en in klok besteld wurde koe. De klok, dy't de namme "Jongerein" krige, draacht it opskrift: Ik, Jongerein, bin byinoar skarrele om de minsken de tiid fan de dei te sizzen en te roppen nei Gods hûs
De kleuren fan it hjoeddeiske ynterieur datearje fan de renovaasje yn 1999. Tagelyk ûndergyngen it muorrewurk en de toer doe in fernijing. It parkearterrein waard op 'e nij asfaltearre en ek it yn 1986 restaurearre oargel ûndergyng in renovaasje.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel waard oarspronklik yn 1898 boud foar de grifformearde tsjerke fan Uithuizermeeden. Yn 1923 waard it troch de grifformearde tsjerke fan Wâlterswâld oernommen.
Gemeente
bewurkje seksjeDe gemeente rekke mei de frijmakking yn 1944 hast de helte fan it tal leden kwyt. Op slach wie dêrmei ek it tekoart oan sitplakken oplost. Fan 1977 ôf praten de grifformearden wer mei de herfoarmen oer gearwurking. De tsjerke is tsjintwurdich as grifformearde tsjerke oansletten by de PKN.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Gevelstien
-
Oargel
-
Liturgysk sintrum
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|