Wâlterswâld

Wâlterswâld is in doarp yn de gemeente Dantumadiel. It doarp leit oan de eastlike kant fan de Dokkumer Wâlden, west fan Driezum.

Wâlterswâld
Map NL Dantumadiel Wâlterswâld.png Doarpsgebiet fan Wâlterswâld yn de gemeente Dantumadiel
Flagge Wapen
Wouterswoude vlag.svg Wâlterswâld wapen.svg
Sifers
Ynwennertal 975 (2021) [1]
Oerflak 7,06 km², wêrfan:
lân: 6,94 km²
wetter: 0,11 km²
Befolkingstichtens 138 ynw / km²
Polityk
Lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
Provinsje Frisian flag.svg Fryslân
Gemeente Flag of Dantumadeel.svg Dantumadiel
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 18' N 6° 01' E
Webside Webstee Wâlterswâld

SkiednisBewurkje

 
Spultsje oan de Foarwei

Wâlterswâld is in feanûntginningsdoarp dat by twa ûntginningsassen lâns, de Foarwei en de Koailoane/Achterwei, oanmakke is. It is it iennichste doarp fan de Dokkumer Wâlden wêr’t de kearn rûnom de tsjerke oan de Achterwei kommen is. Oan dy wei en de Koailoane binne de spoaren fan de âlde agraryske bebouwing te finen; oan de Achterwei in mids 19e-iuwsk wâldpleatske, oan de Koailoane itselde type en in foarse kop-hals-romppleats út it lêste kwart fan de 18e iuw. Oan de Foarwei steane in tsiental ferskillende en frij geve buorkerijen út it lêste kwart fan de 18e en út de 19e iuw.

Mei it plaknammebeslút fan de gemeente Dantumadiel yn 2009 waard yn 2009 Wâlterswâld as de offisjele namme fan it doarp ynfierd.[2]

MienskipBewurkje

It doarp foarme oarspronklik in "twillingdoarp" mei Driezum. Wâlterswâld dielt ferienings en tsjerken en in doarpskrante mei Driezum. It mienskiplike doarpshûs, "De Nije Warf" stiet yn Wâlterswâld.

BefolkingsferrinBewurkje

Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2008 2014 2021
Ynwenners 977 938 862 772 780 1.108 1.079 993 975

TsjerkenBewurkje

 
Herfoarme tsjerke
 
Grifformearde tsjerke

De doarpen Driezum en Wâlterswâld hawwe in reformatoaryske ynslach en foarmje yn dat opsicht in eilân yn Fryslân. Mei de foarming fan de PKN is in diel fan de herfoarme tsjerke meigien yn it nije tsjerkegenoatskip, wylst in oar diel ûnderdak fûn by de Hersteld Herfoarme Tsjerke. Yn it doarp binne twa grifformearde tsjerken: in grifformearde tsjerke en in grifformeard-frijmakke tsjerke.

SkoallenBewurkje

Wâlterswâld hat twa skoallen (sitewaasje 2021):

  • De Wynroas (prot. kristlik basisûnderwiis)
  • De Kristlike Nasjonale Skoalle (reformatoarysk basisûnderwiis)

EvenemintenBewurkje

  • De Hynstedagen binne meast ein july.
  • De Kennedymars Wâlterswâld-Driezum is in kuiertocht fan 80 km, dy't binnen 20 oeren rûn wurde moat.

Berne yn WâlterswâldBewurkje

GebouwenBewurkje

Herfoarme tsjerkeBewurkje

  De Wikipedy hat ek in side Herfoarme tsjerke (Wâlterswâld).

De herfoarme tsjerke stiet oan de Achterwei op de krusing mei de Tsjerkeloane, earder de Woutersloane. De ienfâldige sealtsjerke mei in trijesidich sletten koar en yn ferhâlding lytse rûnbôgefinsters ferfong yn 1805 in oare tsjerke. De preekstoel is ek út dy boutiid. De toer is in yn de 17e iuw oplutsen fan âlder, fannijs brûkt boumateriaal en wurdt dekt troch in wat ynsnuorre piramidale spits. Oan de Achterwei stiet de karakterisearre pastorije yn de lette 19e-iuwske mingde styl. Tsjinoer de tsjerke stiet it ferieningsgebou Maranatha út 1926. It falt op troch it foarútspringende middenpart mei in tradisjonele trepgevel.

Grifformearde tsjerkeBewurkje

  De Wikipedy hat ek in side Grifformearde tsjerke (Wâlterswâld).

Oan de Foarwei oan de Driezumer kant stiet de yn 1922 nei ûntwerp fan Ane Nauta (1882-1946) boude grifformearde tsjerke. Dy ferfong in ienfâldige foargonger út de 19e iuw, hat in T-foarmige plattegrûn en klimmende finsterrige yn de geveltoppen. Westlik fan de leech útboude yngongsportyk riist de yn segminten ferdielde toer op mei in list op de oergong fan romp nei fjouwersidige spits.

SûkereifabrykBewurkje

It eardere sûkereifabryk oan de Foarwei hat de foarm fan in grutte pleats: it is ien fan de pear spoaren fan de yn de 19e en betide 20e iuw bloeiende tylt en ferwurking fan dit gewaaks yn Dantumadiel. It ensemble mei direkteurswente is fan ûngefear 1920. Tsjintwurdich is it in grûnferset- en houtferwurkingsbedriuw.

StrjittenBewurkje

 
Achterwei 12 (ryksmonumint)
 
Foarwei 55 (ryksmonumint)
  • Achterwei -
  • Blaulânsreed -
  • Bonifatiusstrjitte - sindeling Bonifatius
  • Brakkenspaad -
  • Broekloane -
  • Dinzerloane -
  • Dokkumerloane - leane nei Dokkum
  • Dwarsikker -
  • Foarwei -
  • Fuldastrjitte - nei kleaster Fulda
  • Gouweloane -
  • Halepaad -
  • Koailoane -
  • Mearikkerpaad -
  • Mids yn 'e Wrâld -
  • Prysterikker -
  • Reinous Reed -
  • De Sânharst - Súdeastlik fan Wâlterswâld leit yn de lannen in frij heech sânplak. It plak wurdt troch Jacob Botke yn syn boek "De gritenij Dantumadiel" omskreaun as in ‘frij heech, drûch, sânich plak'; der woe hast neat groeie.
  • Spyckhernsterpaad -
  • Trekwei -
  • Tsjerkeloane -
  • Waldheem -
  • Wâlddyk -

Sjoch ekBewurkje

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alle Cijfers
  2. Omrop Fryslân, 3 oktober 2007

 
Plakken yn de gemeente Dantumadiel
 
Haadplak: Damwâld
Doarpen en útbuorrens: BroeksterwâldDriezumDe FalomFeanwâldenFeanwâldsterwâl (foar in part) • RinsumageastReadtsjerkSibrandahûsWâlterswâldDe Westereen
Buorskippen: Kûkherne (foar in part) • Eastwâld
Eardere doarpen: DantumawâldIkkerwâldMoarrewâld