De Falom
De Falom is in doarp yn de gemeente Dantumadiel westlik fan de Westereen. Troch it doarp rint de Falomster Feart mei lintbebouwing. Der is gjin echte buorren ûntwikkele troch't eartiids de drokke dyk fan noard nei súd dwers troch it doarp rûn. Nei de oanlis fan de Sintrale As eastlik fan it doarp is de âlde Haadwei rekonstruearre.
De Falom | ||
![]() | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 257 (2022) [1] | |
Oerflak | 4,09 km² lân: 3,96 km² wetter: 1,2 km² | |
Befolkingsticht. | 65 ynw./km² | |
Polityk | ||
Lân | ![]() | |
Provinsje | ![]() | |
Gemeente | ![]() | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 15' N 6° 00' E | |
Offisjele webside | ||
FB-side Webstee Broeksterwâld | ||
Kaart | ||
SkiednisBewurkje
De Falom is yn de 16e iuw ûntstien as feankoloanje, in delsetting foar feanarbeiders. De Falomsterfeart waard doe groeven om de ôfgroeven turf ôf te fieren. De feart wie ek om oerstallich wetter ôf te fieren. Om tsjin te gean dat der sâlt wetter, dat yn it gebiet beëasten De Falom stie, troch de feart yn it grûnwetter komme soe, waarden der plannen makke om in slûs yn de feart te meitsjen. Troch jildpine kaam dy der net, wol waard der in overtoom oftewol in falom oanlein: in konstruksje om in skip oer lân fan it iene farwetter yn it oare te lûken. Sa waard it swiete en it sâlte wetter skieden holden. De Falom soe dêrtroch syn namme krigen hawwe. Nammekundigen ûntstride lykwols de krektens fan dy ferklearring.[2]
Sûnt 1964 is De Falom in selsstannich doarp. Dêrfoar wie it in buorskip fan it eardere Moarrewâld.
MienskipBewurkje
It doarp hat in Feriening Doarpsbelang. De Falom en Broeksterwâld dogge in soad meiïnoar. Sa stiet it doarpshûs 'De Pipegaal' fan De Falom oan de ds. Feitsmastrjitte yn Broeksterwâld.
FerieningsBewurkje
- Fûgelwacht Ikkerwâld e.o.
- Fuotbalferiening Broekster Boys
- Dit is wat ús bynt - yntertsjerklik manljuskoar
- Wâldflucht - dowehâlders
- Fûgelnocht - foliêrehâlders
BefolkingsferrinBewurkje
Jier | 1969 | 1974 | 2004 | 2014 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 266 | 278 | 262 | 265 | 257 |
StrjitnammenBewurkje
|
|
NatoerBewurkje
Súdeastlik fan it doarp leit oan de grins mei Feanwâlden de Houtwiel, in gebiet mei plassen en reitfjilden. De grins fan De Falom mei it doarpsgebiet fan Feanwâlden wurdt foarme troch de Goddeleaze Singel, in lokaasje dêr't ferskillende spûkferhalen oer besteane. It gebiet is relatyf ryk oan reiddompen. Yn it natoergebiet stiet tichteby de singel in tsjasker, dy't yn 2017 stikken waaide en yn 2019 wer nij boud is.[3] By de brêge oer de Falomster Feart stiet it Goddeleaze Tolhûs. De Goddeleaze Singel foarmet ûnderdiel fan it Bonifatius Kleasterpaad.[4] Yn it ramt fan de oanlis fan de Sintrale As is it gebiet súdlik fan de Falomster Feart ek werynrjochte as natoergebiet, dat no de Houtwiel ferbynt mei de Sweager Mieden.[5]
Publikaasje(s)Bewurkje
- Andries Peterson "De Falom, tinzen fan Broer"
Sjoch ekBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Haadplak: Damwâld | |
Doarpen en útbuorrens: Broeksterwâld • Driezum • De Falom • Feanwâlden • Feanwâldsterwâl (foar in part) • Rinsumageast • Readtsjerk • Sibrandahûs • Wâlterswâld • De Westereen | |
Buorskippen: Kûkherne (foar in part) • Eastwâld | |
Eardere doarpen: Dantumawâld • Ikkerwâld • Moarrewâld |