Falom

(Trochferwiisd fan Overtoom)

In falom, oerhaal is in ynstallaasje dêr't in skip by oer lân fan it iene nei it oare wetter lutsen wurdt. In falom of "overtoom" kin beskôge wurde as in foarrinner fan de skutslûs.

Oerhaal by Blauwe Molen (Súd-Hollân)
Lytse spoaroerhaal yn de FSA

In falom bestie faak út in helling mei balken dy't mei fet ynsmard wienen. Mei in takel, ophongen boppe it heechste punt fan de falom, waard it skip út it wetter lutsen en oer de balken nei in oar wetter brocht. Op âlde ôfbylden binne faak grutte tsjillen te sjen dêr't de takels mei betsjinne waarden. Ynstee fan balken waarden ek wol beamstammen brûkt, dêr't it skip oer rôlje koe.

Falommen komme eins net mear foar. De moderne opfolger is de skipslift, dêr't it skip by yn in bak mei wetter ferpleatst wurdt. Yn Broekerhaven, tichtby Inkhuzen, is noch sa'n skipslift te bewûnderjen. Dy is in kopy fan de skipslift dy't in heale iuw lang yn Amsterdam oan de Kostverlorenfeart by de Postjeswjittering funksjonearre hat, yn wat no stedsdiel De Baarsjes hjit.

Yn it rivierke de Regge by Rijssen en Hellendoorn binne yn 1992 en 2002 noch twa falommen boud yn ferbân mei de Enterske Zomp. Op in lorry dy't mei akkustroom út it skip wei oandreaun wurdt rydt de lorry út it wetter wei op in betonbaan oer de keardamen by Zuna en Overwater. De hichteferskillen binne resp. 1,20 en 2,50 meter.

Tusken Holten en Rijssen komt de fjildnamme "Overtoom" foar, de oarsprong fan de namme op dat plak is ûnbekend.

Yn maaie 2008 waard yn De Goorn (gemeente Koggelân), in nije falom yn gebrûk nomd.