De Goorn is in doarp yn 'e Noard-Hollânske gemeente Koggelân. It doarp hat 3.815 ynwenners (1 jannewaris 2023).

De Goorn
Polityk
provinsje Noard-Hollân
gemeente Koggelân
Sifers
Ynwennertal 3.815 (1 jannewaris 2023)
Oerflak 3,52 km², wêrfan:
- lân 3,38 km²
- wetter 0,14 km²
Oar
Koördinaten 52° 37 'NB, 4° 56 'EL
Kaart
De Goorn (Noard-Hollân)
De Goorn

Tegearre mei Avenhorn foarmet it doarp it haadplak fan 'e gemeente. It gemeentehûs stiet yn De Goorn. Foar 1979 hearde De Goorn by de gemeente Berkhout en fan 1979 oant 2007 by de gemeente Wester-Koggelân.

De âldste fermelding fan it plak datearret út likernôch 1312 as "den Gore". De plaknamme De Goorn is in meartalsfoarm fan it wurd goor, dat modder of drits betsjut. By De Goorn ferwiist de namme nei peazich modderlân dat fol mei sleatten siet. Sleatten hearre by it gebiet dêr't it plak leit, mar it measte lân wie mei leechfean oerdutsen en De Goorn krekt net, it foarme in soarte fan oerstreamingsgebiet. It plak komt yn 1745 foar as De Gooren en sûnt 1866 komt ek de stavering De Goorn foar. Ek kaam in skoftke njonken De Goorn de stavering De Goorne foar.

It wie ynearsten in útbuorren, mar nei't it yn 1637 in tsjerke krige, krige it plak de doarpsstatus. Ek it grûngebiet dat doe by De Goorn hearde waard grutter. It oarspronklike doarp wie in lintdoarp tusken De Burgt en Avenhorn.

De Goorn is in katolike enklave yn in foar it grutste part herfoarme omjouwing. De tsjerke fan it doarp is Us Leaffrou fan 'e Hillige Roazekrâns, dy't oant foar koart troch Dominikaanske bruorren betsjinne waard. De tsjerke waard yn 1637 as staasje stifte en waard nei de restauraasje fan 'e biskoplike hierargy in parochytsjerke.

20e iuw oant no

bewurkje seksje

Sûnt de jierren 1960 is it doarp foars útwreide. Foar dy tiid bestie it doarp foar it measte út greide en sleatten en wiene in soad plakken allinne oer it wetter te berikken. Mei de ferkaveling kaam de earste nijbou. Ek yn 'e jierren 1980 en 1990 waard it doarp útwreide mei nijbou.

Yn 1979 waard De Goorn it haadplak fan 'e nije gemeente Wester-Koggelân.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory De Goorn fan Wikimedia Commons.
  Plakken yn 'e gemeente Koggelân  
Doarpen:
AvenhornBerkhoutBobeldijkDe Goorn (gemeentehûs) • GrosthuizenHensbroekObdamOudendijkRustenburgScharwoudeSpierdijkUrsemWogmeerZuidermeer
Buorskippen:
BerkmeerBaarsdorpermeerDe HulkKathoekNoord-SpierdijkNoorddijkNoordermeerObdammerdijkOosteinde

OostmijzenZuid-Spierdijk
Nederlân: Provinsjes · Gemeenten

  ·   ·