Obdam
Obdam (Frysk: Opdaam)[1] is in doarp en eardere gemeente yn West-Fryslân yn 'e Nederlânske provinsje Noard-Hollân. As gemeente bestie Obdam fan 1811 oant 2007, doe't it mei Wester-Koggelân opgie yn 'e nije gemeente Koggelân.
Obdam | ||
![]() | ||
Eardere gemeentehûs foar de brân fan 2019. | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Bestjoer | ||
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 5.960 (1 jannewaris 2023) | |
Oerflak | 11,25 km², wêrfan: - lân 10,81 km² - wetter 0,43 km² | |
Oar | ||
Koördinaten | 52° 40 'NB, 4° 54 'EL | |
Kaart | ||
Obdaam leit east fan Hearhugowaard tusken de doarpen Opmar en Hensbroek. It doarp is it grutste plak yn 'e gemeente Koggelân en leit yn 'e stêdekloft Grut-Alkmaar.
Skiednis
bewurkje seksjeObdaam wurdt om 1120 hinne al as Opdam neamd, in oare namme wie Opperdam en yn 1347 waard it plak as Updamme skreaun. De plaknamme ferwiist der nei dat it plak oan of op in daam lei. Eartiids lei Obdaam yn in tige sompich feangebiet, wêrfan't de drûchmakke feanmar Wogmar in foarbyld is.
Sûnt de 14e en 15e iuw wie it feangebiet in echte mar woarn en Obdaam wie it earste plak dat it gebiet bedike mei in dwersdyk. Dy dwersdyk lei yn 'e 16e iuw tusken Obdaam en Hensbroek. Plakken lykas Ursem wiene net sa wiis mei dy dyk, om't dy dêrtroch mear lêst fan 't wetter krigen. Ek Hensbroek krige mear wetteroerlêst en lang om let waard besletten in wetterrin te graven nei Hearhugowaard. Oan 'e ein fan dy wetterrin waard foar it oerstallige wetter in slús boud.
Ynearsten dielden de doarpen Obdaam en Hensbroek sûnt 1535 in mienskiplike mûne, mar nei 1544 hiene de doarpen elts harren eigen mûne. De Wogmar wie yn 1608 hielendal drûchmakke.
Stedsrjochten
bewurkje seksjeSûnt 1414 foel Obdaam ûnder de stede Spanbroek, in dield stedsrjocht wêrûnder ek de doarpen Opmar en Hensbroek foelen. Dy privileezjes waarden yn 1426 wer ynlutsen, mar yn 1456 joech Filips de Goede in mienskiplik stedsrjocht oan Obdam en Hensbroek. Obdam-Hensbroek soe lykwols nea in echte stêd wurde en it stedsrjocht wie in suver juridyske konstruksje.
De stede foel yn 1544 wer yn twaën, mar yn 1811 waarden Obdaam en Hensbroek wer foar in jiermannich gearfoege ta ien gemeente, oant Obdaam en Hensbroek yn 1817 wer twa selsstannige gemeenten waarden. Lang om let waarden de gemeenten yn 1978 wer gearfoege ta ien gemeente Obdaam. It eardere gemeentehûs stiet yn Obdaam en is in ryksmonumint. Yn 2019 waard it gemeentehûs troch brân foar in part ferneatige, mar in restauraasje folge.[2]
Polder
bewurkje seksjeNjonken in doarp is Obdaam ek in polder, dy't eins bestiet út ferskillende drûchmakke markes en dobben. Dy dobben ûntstiene eartiids by dyktrochbraken. Ien fan 'e wichtichste diken yn it poldergebiet is de Obdammerdyk, dy't westlik en noardlik fan it doarp leit. It bewenne diel wurdt oantsjut as de buorskip Obdammerdyk. De dyk foarmet ûnderdiel fan in grutte dyk, dy't it gebiet beskerme tsjin it wetter fan û.o. de Berkmar. De dobbe De Weel is ien fan 'e dobben dy't net drûchmakke binne en tsjintwurdich in natoer- en rekreaasjegebiet. Noardlik fan Obdam leit de polder en it buorskip Berkmar, dat offisjeel ek by Obdaam heart.
Lang bleau Obdaam in boeredoarp mei yn it sintrum wat deftige hûzen en gebouwen. It begjin fan 'e 20e iuw brocht lykwols grutte feroarings doe't in soad túnkers nei it gebiet kamen om grienten te ferbouwen. It tal feeboeren naam ôf en dêrmei waard it doarp ek oars. Doe't yn 'e jierren 1960 en 1970 it doarp útwreide waard mei nijbou naam it tal túnkers wer ôf. Fan it iepen karakter fan it doarp is net in soad oerbleaun.
It besjen wurdich
bewurkje seksjeNjonken in tal gebouwen yn it sintrum is benammen de Sint-Fiktortsjerke út 1892 fan Andrianus Bleijs it besjen wurdich. De tsjerke waard yn 2008 keazen as de 'Moaiste tsjerke fan Noard-Hollân'. Ek de wipwettermûne oan 'e Braken, krekt bûten it doarp, is it besjen wurdich. De mûne waard yn 1670 boud. Oare mûnen bûten it doarp binne de Berkmarmûne en de Obdammermûne.
Yn 'e buorskip De Kaach stiet west fan it doarp oan 'e Nieuweweg de Kaachmûne, in poldermûne út 1654.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Plakken yn 'e gemeente Koggelân | ||
---|---|---|
Doarpen: Avenhorn • Berkhout • Bobeldijk • De Goorn (gemeentehûs) • Grosthuizen • Hensbroek • Obdam • Oudendijk • Rustenburg • Scharwoude • Spierdijk • Ursem • Wogmeer • Zuidermeer | ||
Buorskippen: Berkmeer • Baarsdorpermeer • De Hulk • Kathoek • Noord-Spierdijk • Noorddijk • Noordermeer • Obdammerdijk • Oosteinde Oostmijzen • Zuid-Spierdijk | ||
· · |