Sint-Fiktortsjerke (Obdam)
De Sint-Fiktortsjerke is in oan Fiktor fan Xanten wijde roomske tsjerke yn it Noard-Hollânske plak Obdam. De lêzers fan it Noordhollands Dagblad keazen de Sint-Fiktor yn 2008 út as de moaiste tsjerke fan de provinsje. Alhoewol't de tsjerke tige monumintaal is, hat it gebou net de status fan ryksmonumint.
Sint-Fiktortsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Koggelân | |
plak | Obdam | |
adres | Dorpsstraat 151 | |
koördinaten | 52° 40'N 5° 54'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Haarlim-Amsterdam | |
patroanhillige | Fiktor fan Xanten | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Adrianus Bleijs | |
boujier | 1891-1892 | |
boustyl | Neoromaansk en neogoatysk | |
monumintale status | gemeentlik monumint | |
Webside | ||
Side parochy | ||
Kaart | ||
De parochy makket diel út fan de 'Regio De Waterkant', in gearwurkingsferbân fan meardere parochy's, dy't fierhinne selstannich binne en in eigen idintiteit ha.[1]
Yn 2023 waard bekend dat de tsjerke ien fan 'e 9 katolike tsjerken fan dat gearwurkingsferbân is, dy't skielk ôfstjitten wurde sil. Foar de Fiktortsjerke sil dat yn in termyn fan maksimaal tsien jier barre. It gearwurkingsferbân hâldt dan allinne de roomske tsjerke fan Wognum oer.[2]
Skiednis
bewurkje seksjeDe hjoedeiske tsjerke waard tusken 1891 en 1892 boud en ferfong doe in lytsere tsjerke oan de oare kant fan de strjitte. De trijeskippige krústsjerke waard troch de arsjitekt Adrianus Bleijs ûntwurpen, dy't yn Noard-Hollân mear katolike tsjerken ûntwurpen hat. De tsjerke waard op 25 july 1892 ynwijd troch biskop Bottemanne en út de âlde tsjerke waarden twa klokken en it moarmeren doopfont meinommen. De styl fan de tsjerke wurdt yn 'e regel omskreaun as neoromaansk, mar sûnder mis hat de tsjerke ek neogoatyske skaaimerken.
De tsjerke is likernôch 40 meter lang en 16,30 breed en hat in 4 meter lange apsis mei in diameter fan 7,5 meter. Oant it houten krúsferwulft is de tsjerke yn it middenskip maksimaal 13 meter heech. Yn de tsjerke is plak foar 400 parochianen, op de tsjerklike feestdagen is útwreiding mooglik oan 600. De toer is 45 meter heech.
By de tsjerke waard yn 2006 yn it ramt fan in troch de parochy organisearre Beafeart nei Lourdes in jier earder by de tsjerke in oan Us-Leaffrouwe fan Lourdes wijde kapel boud.
Yn de Twadde Wrâldkriich waarden de klokken foardere, mar ien fan de klokken koe nei de befrijing werom hongen wurde. De twadde klok is ferlern gien en waard ferfongen troch in nije klok. Foar de tsjerke waard yn 1947 in Hillich-Hertbyld fan Johannes Petrus Maas (1861-1941) delset.
Pastoar Paul Vlaar soarge yn 2010 oant yn it bûtelân foar nijs, doe't er yn it ramt fan de finale fan de Wrâldkampioenskip fuotbal yn de Fiktortsjerke in misse yn oranje kleuren opdroech. Klaaid yn in oranje kafuizel spile er sels as keeper yn de mei oranje flaggen fersierde tsjerke, doe't in parochiaan in bal troch it middenpaad skopte. De bylden fan de misse kamen op YouTube en waarden oer de hiele wrâld útstjoerd. [3] Om't de pastoar neffens it bisdom 'yn tekst en foarm net genôch rekken holden hie mei de hilligens fan de eucharisty waard de populêre Vlaar tydlik it amt útset.[4]
Ynterieur
bewurkje seksjeYn de tsjerke hinget in krúswei fan de keunstner E. van Ternelmont út 1910. De apsis fan it preesterkoer is fersierd mei sân grutte skilderijen fan âldtestamintyske foarstellings, de hillige Trije-ienheid en Marije mei Bern. Foar yn 'e tsjerke stiet de Romeinske soldaat Fiktor fan Xanten, de patroanhillige fan de tsjerke.
Oargel
bewurkje seksjeIt pneumatyske kegellade-oargel fan de Sint-Fiktortsjerke waard yn 1923 troch de firma Vermeulen út Alkmar boud. Ynearsten hie it ien manuaal, mar yn 1928 is in twadde manuaal tafoege. By in grutte revyzje waard it oargel yn 1942 twa meter nei efter ferset, om sa mear romte op it koarkreake te meitsjen. Yn 1952 waard de disposysje feroare. Plannen yn 1968 om de pneumatyske traktuer te elektrifisearjen binne nea útfierd. De tsjerke krige ynstee dêrfan in koeroargel en it haadoargel rekke bûten gebrûk en yn ferfal. Yn 2008 folge in restauraasje fan it oargel, dat offisjeel wer op 9 novimber 2008 yn gebrûk nommen waard. Yn 2009 waard de disposysje fan it oargel rekonstruearre en útwreide.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|