Ursem
Ursem is in plak yn 'e gemeente Koggelân en foar in lyts part yn 'e gemeente Alkmar yn 'e provinsje Noard-Hollân.
Ursem | ||
Sint-Bavotsjerke. | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Koggelân Alkmar | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.995 (1 jannewaris 2023) | |
Oar | ||
Koördinaten | 52° 37 'NB, 4° 53 'EL | |
Kaart | ||
It doarp hat 630 (1 jannewaris 2023) ynwenners.
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1083 waard Ursem 'Urisheim' yn 'e dokuminten fan de abdij fan Egmond neamd. Yn 1420 wie it 'Uresheim'. Oarspronklik lei it doarp wat noardliker, dêr't hjoeddedei de protestantske tsjerke stiet.
Oant de jierren 1960 wie Ursem net sa'n grut doarp mei in agrarysk karakter. Dêrnei woeks Ursem stadichoan út ta in grutter doarp. It doarp hat lykwols de âlde bebouwing wol beholden en yn it doarp en yn 'e polder binne noch in soad West-Fryske pleatsen te sjen.
Oant 1 jannewaris 1979 wie Ursem in selsstannige gemeente, dêr't ek it doarp Rustenburg ûnder foel en fierder de buorskippen Noorddijk, de Mijzen (sûnder it diel fan Oostmijzen) en in diel fan 'e eardere gemeente Skermer. De gemeente fusearre mei de gemeenten Avenhorn, Berkhout en Oudendijk ta de gemeente Wester-Koggelân, dy't op 1 jannewaris 2007 wer fusearre ta de gemeente Koggelân.
Sûnt 1980 falt de polder Ursem net mear hielendal ûnder it doarp. Oant en mei 31 desimber 2014 wie in lyts part fan it doarpsgebiet fan Ursem ûnderdiel fan 'e gemeente Skermer. Op 1 jannewaris 2015 gyng dat diel op yn 'e gemeente Alkmar.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- De protestantske tsjerke oan it Kerkpad is in wettersteatstsjerke út 1846-1847.
- De ûndermûne O wie ien fan 'e ring fan 16 mûnen tusken Schermerhorn en Ursem en waard yn 1633 as boppemûne by Ursem boud. Yn 1652 ferhûze de mûne nei it tsjintwurdige plak om as ûndermûne te wurkjen.
- De stjelp oan 'e Noorddijkerweg 11 is in ryksmonumint út 1800.[1]
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (ned) Histoaryske Rûnte Ursem
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Plakken yn 'e gemeente Koggelân | ||
---|---|---|
Doarpen: Avenhorn • Berkhout • Bobeldijk • De Goorn (gemeentehûs) • Grosthuizen • Hensbroek • Obdam • Oudendijk • Rustenburg • Scharwoude • Spierdijk • Ursem • Wogmeer • Zuidermeer | ||
Buorskippen: Berkmeer • Baarsdorpermeer • De Hulk • Kathoek • Noord-Spierdijk • Noorddijk • Noordermeer • Obdammerdijk • Oosteinde Oostmijzen • Zuid-Spierdijk | ||
· · |
Gemeente Alkmar | ||
---|---|---|
Stêd: Alkmar | ||
Doarpen: Driehuizen • Graft • Grootschermer • Koedijk (foar in part) • Markenbinnen • Noordeinde • Oost-Graftdijk • Oterleek • Oudorp • De Rijp • Schermerhorn • Starnmeer • Stompetoren • Ursem (foar in part) • West-Graftdijk • Zuidschermer | ||
Buorskippen: Bergermeer • Kogerpolder (foar in part) • Omval · Nieuwpoort • De Nollen • De Weijdt | ||
· · |