Stompetoren
Stompetoren is in doarp yn 'e gemeente Alkmaar yn 'e provinsje Noard-Hollân. Yn it doarp stie it gemeentehûs fan 'e eardere gemeente Skermer. Stompetoren leit yn beskerme doarpsgebiet.
Stompetoren | ||
Bestjoer | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Alkmar | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.135 (1 jannewaris 2023) | |
Oerflak | 11,15 km², wêrfan: - lân 10,97 km² - wetter 0,19 km² | |
Oar | ||
Koördinaten | 52° 36 'NB, 4° 49 'EL | |
Offisjele webside | ||
Doarpsried Stompetoren. | ||
Kaart | ||
It doarp hat 2.135 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Skiednis
bewurkje seksjeStompetoren is ien fan 'e twa doarpen yn 'e Skermer en waard ynearsten nei de drûchmakking De Buurt neamd (it oare doarp dat yn 'e polder leit is Zuidschermer). De hjoeddeiske namme krige it doarp yn 'e njoggentjinde iuw. Dy ferwiist nei de toer fan 'e tsjerke út 1663, dy't oant hjoed-de-dei stomp is. [1] De arsjitekt fan 'e tsjerke wie Pieter Post. Oan it begjin fan 'e santjinde iuw stie op it plak fan dy tsjerke in skoaltsje. Nico ter Linden hat in skoft dûmny west yn Stompetoren en yn 'e tsjerke preke. Op it begraafplak by de tsjerke stiet it urnegrêf fan âld-premier Schermerhorn en de frou.
Yn 1917 waard yn Stompetoren it molkfabryk Neerlandia oprjochte, dat fan 2002-2005 it poadium foarme foar de searje Meiden van De Wit.
Yn 'e Twadde Wrâldoarloch dûkte Joop Doderer yn 1942 ûnder yn Stompetoren, nei't er wegere om lid te wurden fan 'e Kultuerkeamer .
Yn 2005 is útein set mei it útwreidzjen fan it doarp: oan 'e noardlike râne waard lytsskalige nijbou oanlein.
Oant en mei 31 desimber 2014 wie Stompetoren ûnderdiel fan 'e gemeente Skermer. Op 1 jannewaris 2015 is it plak mei de gemeente gearfoege by de gemeente Alkmar.
Berne
bewurkje seksje- Nicolette Bruining (1886-1963), frijsinnich teolooch en meioprjochtster fan 'e omropferiening VPRO.
It besjen wurdich
bewurkje seksjeDe protestantske tsjerke is in letgoatysk, ienskippich tsjerkegebou út 1662/1663.
By it doarp lizze de poldermûnen D, E en M.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Gemeente Alkmar | ||
---|---|---|
Stêd: Alkmar | ||
Doarpen: Driehuizen • Graft • Grootschermer • Koedijk (foar in part) • Markenbinnen • Noordeinde • Oost-Graftdijk • Oterleek • Oudorp • De Rijp • Schermerhorn • Starnmeer • Stompetoren • Ursem (foar in part) • West-Graftdijk • Zuidschermer | ||
Buorskippen: Bergermeer • Kogerpolder (foar in part) • Omval · Nieuwpoort • De Nollen • De Weijdt | ||
· · |