Poldermûne E
Poldermûne E is in poldermûne oan 'e Noordervaart yn Stompetoren by Alkmar. De mûne is ien fan 'e 11 mûnen fan 'e Skermer, dy't bewarre bleaun binne. Oarspronklik wiene der 52 mûnen dy't de 4.726 hektare grutte en 4 meter djippe mar drûch meallen.
Poldermûne E | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Alkmar | |
plak | Stompetoren | |
adres | Noordervaart 105 | |
koördinaten | 52° 37'N 4° 48'E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | muonts | |
funksje | poldermûne | |
flecht | 24,90/24,92 m | |
boujier | 1634 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | Skermer Mûnen Stifting | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 33096 | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe mûne waard yn 1634 boud as ûndermûne fan in rige fan trije mûnen tusken Rustenburg en Oterleek, mar ferhûze al in jier letter nei it hjoeddeiske plak. It barde yn dy tiid faker dat der foar keazen waard om de plasse sa gau mooglik leech te meallen. Nei't de plasse foar in grut part drûch wie, ferhûzen de mûnen dan nei in djipper diel. Hast alle mûnen fan 'e Skermer stiene oan it begjin fan it drûchmeitsjen doe op in oar plak.
Sûnt 1635 bemealle de mûne ôfdieling E fan 'e Skermer op de Noarderfeart. Yn 'e 19e iuw waard it skeprêd fan 'e mûne troch in skroef ferfongen. Hjoed-de-dei is de Skermer net mear yn ôfdielingen ferdield; sûnt de polder yn 1929 op elektryske bemealling oergie, binne de ôfdielingen gearfoege.
Nei't de mûne syn funksje ferlear, bleau de mûne yn gebrûk as wente. Yn 'e jierren 1970 waard de mûne wer draaifeardich makke en yn 2006 waard nei in restauraasje yn 2003 de wetterrin foar de mûne wer útgroeven en waard de wetterrin efter de mûne ferdjippe, sadat de mûne it polderwetter wer útmealle kin.
Eigner fan 'e mûne is de Skermer Mûnen Stifting,
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe mûne is in mealreeë, reiddutsen achtkante muonts. It wjukkekrús is Ald-Hollânsk en hat in flecht fan 24,90/24,92 m. De kape hat in kruiwurk mei houten rollen en lykas in soad Noard-Hollânske poldermûnen is it in binnenkruier.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|