Poldermûne M
Poldermûne M by it Noard-Hollânske Zuidschermer is ien fan 'e alve noch besteande mûnen fan 'e Skermer. Oarspronklik bemeallen 52 mûnen de Skermer, mar nei de bou fan elektryske gemalen yn 1925 binne de measte Skermermûnen ôfbrutsen, in pear binne troch brân ferlern gien.
Poldermûne M | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Alkmar | |
plak | Zuidschermer | |
adres | Zuidervaart 68 | |
koördinaten | 52° 36'N 4° 47'E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | muonts | |
funksje | poldermûne | |
flecht | 25 m | |
boujier | 1635 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | Skermer Mûnen St. | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 33115 | |
Kaart | ||
De Skermermûnen binne eigendom fan 'e Skermer Mûnen Stifting.
Skiednis
bewurkje seksjeDe mûne waard begjin 1635 boud as ien fan 'e fjouwer ûndermûnen yn in groep fan santjin mûnen tusken Driehuizen en De Vuyle Graft. De mûne bemealle de 300 ha grutte ôfdieling M fan 'e Skermer op 'e Suderfeart, dy't oanslút op de Skermerbinnenboezem.
Tusken 1864 en 1894 waard it skeprêd fan 'e mûne ferfongen troch in skroef. De mûne bleau yn bedriuw oant it elektrysk gemaal Emma yn desimber 1926 it wurk fan 'e wynmûnen oernaam.
De mûne waard yn 1970 wer draaifeardich makke. Doe is ek it noch foar in grut part oarspronklike ynterieur restaurearre. Yn 1989 folge de restauraasje fan 'e fûneminten en yn 1999 de útskoat.
Yn it ramt fan it projekt om alle noch besteande Skermermûnen wer mealree te meitsjen, krige de mûne in nije houten skroef, binne de wetterrinnen wer restaurearre en is der wer in kroasbrêge makke.
Oars as de oare Skermermûnen hat de kape fan Poldermûne M gjin rjochte mar rûne kapespanten, sadat de kape in bolle foarm hat. Mooglik is de ôfwikende bef oernommen fan in ôfbrutsen Beemstermûne.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe mûne is in reiddutsen, achtkante muonts mei in Ald-Hollânsk wjukkekrús en in flecht fan 25 meter. Lykas in soad Noard-Hollânske poldermûnen is Poldermûne M in binnenkruier, de kape hat in kruiwurk mei 56 houten rollen. Poldermûne M hat in fêste skoarfang.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|