Schermerhorn is in doarp yn 'e Noard-Hollânske gemeente Alkmar.

Schermerhorn
Emblemen
               
Bestjoer
provinsje Noard-Hollân
gemeente Alkmar
Sifers
Ynwennertal 1.260 (1 jannewaris 2023)
Oerflak 6,3 km², wêrfan:
- lân 5,84 km²
- wetter 0,46 km²
Oar
Koördinaten 52° 36 'NB, 4° 53 'EL
Kaart
Schermerhorn (Noard-Hollân)
Schermerhorn

It doarp hat 1.260 ynwenners (1 jannewaris 2023).

It doarp leit op wat ea in eilân wie, dat om 1100 hinne ûnstie nei't it fean fan 'e wat no de Beemster en Skermer polders binne, fuortspoeld wie. In part fan it eilân waard bedike en it doarp waard benammen op dy dyk boud. It diel dat net bedike waard, is de hjoeddeiske Eilânspolder. De Beemster en de Skermer waarden meiïnoar ferbûn troch in binnenfeart, it Swet.

 
Fotyfskip.

It wetter om Schermerhorn hinne wie brak. Fiskers en letter ek walfiskfarders hienen Schermerhorn as thúshaven. De bining mei de see is yn 'e Nederlânsk-Herfoarme tsjerke noch jimmeroan oanwêzich troch de foarmen fan 'e grêfstiennen en de skipsmodellen. Oan 'e grutste bedriging fan 'e see kaam in ein mei it ynpolderjen fan 'e binnenmarren, dêr't om 1600 hinne mei úteinset waard.

Oant 1 augustus 1970 wie Schermerhorn in selsstannige gemeente, wêrnei't it oant 31 desimber 2014 diel útmakke fan de gemeente Skermer . Op 1 jannewaris 2015 waard it plak weryndield by de gemeente Alkmar.

It besjen wurdich

bewurkje seksje

De Grutte Tsjerke

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Grutte Tsjerke (Schermerhorn).

Al yn 1450 stie op it plak fan 'e hjoeddeiske tsjerke in katolike kapel. Dy kapel waard yn 1526 fergrutte ta in krústsjerke. Yn 1614 waard de tsjerke troch in tornado ferneatige. Om 1630 hinne wie der wer in plan om in nije tsjerke te bouwen, dêr't yn 1634 mei begûn waard. Dy hjoeddeiske tsjerke waard yn 1636 yn gebrûk nommen.

Op it hegere lân waarden de huzen en skuorren ticht byinoar boud, mar it die bliken dat njonken wetter ek fjoer in fijân fan Schermerhorn wie. It noardlike diel (it Westein) waard eartiids foar in grut part troch brân ferneatige. Dy brân is yn in miniatuer neiboud en kin besjoen wurde yn 'e protestantske tsjerke.

't Regthuysje

bewurkje seksje
 
Rjochtshûs.

't Regthuysje is in ryksmonumint oan 'e Westeinde 1. It is in wyt bepleistere gebou mei in sealtek, dat yn 1766 boud is as rjochtsgebou foar de krite. Boppe de yngong stiet de tekst: Anno 1766 Op 16 Juni Is Hier Gelegt Door Wouter Koppen Out 15 Jaaren Den Eersten Steen Aan T Huys Van Regt Om Vreed en Vryheyt Te Bewaaren. De gevelstien boppe it finster fan 'e earste ferdjipping is in polygromy-foarstelling fan it Salomo-oardiel. Nei jierren fan gebrûk as wente waard it rjochtshûs yn 2022 restaurearre, op 'e nij ynrjochte en iepene as streekmuseum. It gebou lit it libben yn Schermerhorn sjen mei de klam op it libben fan 'e rjochter, de wethâlders en de rjochtsaken yn 'e 17e oant de 19e iuw.

Tichteby Schermerhorn binnen in oantal wynmûnen bewarre bleaun dy't foar dat doel boud binne: Undermûne C, Undermûne D, Boppemûne E, Boppemûne G, Undermûne K en Poldermûne O.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  Gemeente Alkmar  
Stêd:
Alkmar
Doarpen:
DriehuizenGraftGrootschermerKoedijk (foar in part) • MarkenbinnenNoordeindeOost-GraftdijkOterleekOudorpDe RijpSchermerhornStarnmeerStompetorenUrsem (foar in part) • West-GraftdijkZuidschermer
Buorskippen:
BergermeerKogerpolder (foar in part) • Omval · NieuwpoortDe NollenDe Weijdt
  ·   ·