Boppemûne E by it Noard-Hollânske Schermerhorn is ien fan 'e alve noch besteande mûnen fan 'e Skermer. By de mûne steane noch twa oare mûnen, Undermûne D en Undermûne C. Dêrom wurde de trije mûnen noch alris as in mûnetrijegong oantsjut, mar de mûnen foarmje feitlik in ûnfolsleine dûbele twagong. Der binne plannen om de folsleine dûbele twagong wer te rekonstruearjen en dêrfoar is de rekonstruksje fan 'e yn 'e jierren 1930 ôfbrutsen Boppemûne F nedich.[1]

Undermûne E
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Alkmar
plak Schermerhorn
adres Molendijk 6
koördinaten 52° 35'N 4° 52'E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
flecht 25,10 m
boujier 1635
oare ynformaasje
eigner Skermer Mûnen St.
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 33101
Kaart
Boppemûne E (Noard-Hollân)
Boppemûne E

Eartiids stiene yn dit diel fan 'e Skermer seis mûnen: twa ûndermûnen, twa middenmûnen en twa boppemûnen, dy't it wetter fanút de binnenboezem fan 'e Skermer oer ferskillende treppen nei de Skermerringfeart opmeallen. Boppemûne E waard hjir yn 1636 opboud en stie foar dy tiid sûnt 1633 by Rustenburg.

 
Undermûne C, mei dêr efter de museummûne en boppemûne E.

Mei't de skeprêden fan 'e mûnen yn 1850 ferfongen waarden troch skroeven feroare de dûbele trijegong nei in dûbele twagong. De boppemûnen en de middenmûnen bleaune, wylst de ûndermûnen A en B ferkocht en ôfbrutsen waarden. Dy feroaringen wiene om te probearjen of it mei in trep minder ek mooglik wie de bemealling te regeljen. Dat wie lykwols gjin sukses en de plannen waarden net by de oare mûnegroepen tapast en bleaune beheind ta dizze groep.

Mei de bou fan elektryske gemalen yn 'e Skermer waard yn 1926 Undermûne C bûten bedriuw steld. Fanwegen de oarlochsomstannichheden hat de mûne oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldkriich noch in skoft oan it wurk west. It wetterskip hat doe noch fjouwer mûnen mealree makke om de wetteroerlêst te kearen.

De mûne waard yn 1968 restaurearre en krige doe in nije houten skroef. Dy waard yn 1993 ferfongen troch in skroef fan stiel, mar dat foldie net.

Yn it ramt fan it projekt om alle noch besteande Skermermûnen wer mealree te meitsjen, waard om 2000 hinne in yngreven restauraasje útfierd. It die neitiid bliken dat de mûne fersakke troch it rotsjen fan 'e fundearringspeallen, sadat de roeden op guon plakken oan 'e grûn rinne en op dy hoeken net mear draaie kin.

De mûne is in reiddutsen, achtkante muonts mei in Ald-Hollânsk wjukkekrús en in flecht fan 25,10 meter. Lykas in soad Noard-Hollânske poldermûnen is Boppemûne E in binnenkruier, de kape hat in kruiwurk mei houten rollen. Boppemûne E hat in fêste skoarfang.

Boppemûne E stiet njonken Undermûne D en Undermûne C oan 'e Noarderfeart. De Skermermûnen binne eigendom fan 'e Skermer Mûnen Stifting.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: