Boppemûne G is in poldermûne oan 'e Molendijk tusken Schermerhorn en Ursem. De mûne is ien fan 'e 11 mûnen fan 'e Skermer, dy't noch besteane. Oarspronklik wiene der 52 mûnen, dy't de 4.726 hektare grutte en 4 meter djippe Skermermar drûch meallen.

Boppemûne G
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Alkmar
plak Schermerhorn
adres Molendijk 8
koördinaten 52° 36'N 4° 53'E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
flecht 24.88 m
boujier 1633
oare ynformaasje
eigner Skermer Mûnen Stifting
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 33102
Kaart
Boppemûne G (Noard-Hollân)
Boppemûne G

Om de mûne te ûnderskieden fan it grutte tal mûnen yn 'e krite waard de mûne mei in letter oantsjut.

Boppemûne G waard oan 'e ein fan 1633 of yn it begjn fan 1634 boud as boppemûne fan 'e doe noch drûch te meallen Skermer. It is ien fan 'e mûnen fan in eartiids gruttere mûnegroep, dy't yn trije treppen de binnenboezem fan 'e Skermer ôfmealle op 'e Skermerboezem. Boppemûne G is de iennige fan 'e noch besteande Skermermûnen dy't noch altiten op it oarspronklike plak stiet en nea ferhûze.

It skeprêd fan 'e mûne waard yn 1854 ferfongen troch in skroef en yn 1928 rekke de mûne troch in elektrysk gemaal bûten bedriuw. Foar it elektrysk gemaal waard de tuskenboezem, dy't tusken de boppemûnen en middelmûnen lei, trochgroeven. De mûne sels bleau lykwols as wente yn gebrûk en it reid waard wer fernijd. De fergunning fan 1949 om de mûne ôf te brekken waard net troch it wetterskip brûkt en yn 'e jierren 1970 waard de mûne ek wer draaifeardich makke.

Op 23 septimber 1983 soarge in brân foar grutte skea oan 'e mûne, ek al bleau de swiere iken konstruksje yntakt. Yn 'e rin fan 1984 sette in groep frijwilligers mei beheinde middelen útein mei it opknappen. Yn in letter stadium waard ek mûnemakker Poland by de restauraasje belutsen. Mei't yn 'e simmer fan 1985 nije roeden waarden stutsen, koe der foar it earst wer draaid wurde. Yn augustus 1986 waard de wente yn 'e mûne oplevere en koe de offisjele iepening op 13 septimber dat jier plakfine.

Yn it ramt om alle Skermermûnen wer mealree te meitsjen waard boppemûne G yn 2002 yngreven ûnder hannen nommen. De mûne krige in nije houten skroef, de fundearring waard fernijd en de ûndergrûnske útskoat nei de Skermerringfeart waard iepengroeven en noch tal fan oare wurksumheden waarden útfierd. Letter waard ek de boppekolk oer likernôch 80 m wer útgroeven, sadat de mûne no wer beheind wetter nei de ringfeart kin útmealle.

Op 6 juny 2021 briek by it draaien de bûtenroede, wêrby't ek oare dielen fan 'e mûne skea oprûn. Beide roeden waarden strutsen en nei in crowdfunding koene al gau wer nije klonken roeden besteld wurde, dy't begjin 2022 stutsen waarden.

De boppemûne G is in reiddutsen, achtkante muonts mei in Ald-Hollânsk wjukkekrús. De kape hat in kruiwurk mei houten rollen. De mûne is lykas in soad Noard-Hollânske poldermûnen in binnenkruier. De mûne hat in fêste skoarfang.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: