Undermûne K
Undermûne K is in poldermûne oan 'e Molendijk tusken Schermerhorn en Ursem. De mûne is ien fan 'e 11 mûnen fan 'e Skermer, dy't noch besteane. Oarspronklik wiene der 52 mûnen, dy't de 4.726 hektare grutte en 4 meter djippe mar drûch meallen.
Undermûne E | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Alkmar | |
plak | Schermerhorn | |
adres | Molendijk 10 | |
koördinaten | 52° 36'N 4° 52'E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | muonts | |
funksje | poldermûne | |
flecht | 24.88 m | |
boujier | 1633 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | Skermer Mûnen Stifting | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 33103 | |
Kaart | ||
Om de mûne te ûnderskieden fan it grutte tal mûnen yn 'e krite waard de mûne mei in letter oantsjut.
Skiednis
bewurkje seksjeDe mûne waard tsjin 'e ein fan 1633 of it begjin fan 1634 as in middenmûne boud foar de doe noch drûch te meallen Skermar. Nei't de mar foar it grutste part drûchmealle wie, ferhûze de mûne hûnderten meters nei it hjoeddeiske plak, dêr't de mûne de funksje krige fan ûndermûne. Nei alle gedachten binne fanwegen de ferhûzing op 'e souder fan 'e kape acht skeve goarrings oanbrocht. Dy konstruksje moat tige âld wêze en is yn gjin fan 'e hjoed-de-dei besteande Skermermûnen noch oanwêzich. Oannommen wurdt dat se tydlik oanbrocht binne, mar letter nea weihelle waarden.
It skeprêd fan 'e mûne waard yn 1876 ferfongen troch in skroef en yn 1929 rekke de mûne syn funksje kwyt. Mei't der yntusken in nij elektrysk gemaal boud wie, waard de oanfiertochte efter de mûne fergroeven en op it polderpeil brocht, sadat de wetterrin fan 'e mûne drûch kaam te stean. Troch in fierdere ferleging fan it polderpeil mei 30 sm yn 1991 waard dat noch slimmer.
Yn 1949 waard in fergunning ôfjûn om de mûne ôf te brekken, mar alhoewol't de mûne brekfallich wie en it reiden tek fan 'e romp al foar in part fuort wie, kaam it net safier. It wetterskip hat de mûne letter wer opknapt en yn 'e jierren 1970 waard de mûne wer draaifeardich makke. Yn 1995 waard de efterwetterrin en de útskoat fan 'e mûne wer fernijd, yn 1996 folge de restauraasje fan 'e fûneminten en fjildmuorren en dêrnei de rekonstruksje fan 'e mûnderswente lykas dy wie yn 'e tiid doe't de skroef set waard.
Mei't it VSB Fûns yn 2002 jild beskikber stelde foar de restauraasje fan alle Skermermûnen, binne de alve mûnen ek wer mealree makke. Foar ûndermûne K betsjutte dat in nije houten skroef, skroefrêd, ebdoar en kroasrak. Fierder moast foar de skroef de flier fan 'e keuken ophege wurde, krige de mûne in nije binnenroede en nij reid en waarden wynpeul en de foarkoveling fernijd. Om 't de wetterrin efter de mûne al yn 1929 fergroeven waard as oanfiertocht foar it gemaal, hat de mûne gjin wetteroanfier mear. De 50 jier âlde bûtenroede waard yn 2023 ferfongen.
Eigner fan 'e mûne is de Skermer Mûnen Stifting.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe mûne is in reiddutsen, achtkante muonts mei in Ald-Hollânsk wjukkekrús. Lykas in soad Noard-Hollânske poldermûnen is de mûne in binnenkruier, dat wol sizze dat de kape fan binnen kruid wurde moat. It kruiwurk hat 57 houten rollen. De mûne hat in fêste skoarfang.
Noard fan 'e mûne stiet it Noarderpolderhûs, súdeast it Beatrixgemaal en it Museumgemaal Wilhelmina en noch in bytsje súdliker de boppemûne G.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|