Hersteld Herfoarme Tsjerke

De Hersteld Herfoarme Tsjerke (Hersteld Hervormde Kerk, (HHK) is in befynlik grifformeard Nederlânsk tsjerkegenoatskip dat foar in grut part bestiet út leden fan 'e eardere Herfoarme Tsjerke, dy't om gewissebeswieren net meigean woenen yn de fúzje mei de Grifformearde Tsjerken en de Evangelysk-Lutherske Tsjerke, dy't tegearre op 1 maaie 2004 fierder gongen as de Protestantske Tsjerke yn Nederlân (PKN). Ta de HHT hearre benammen gemeenten dy't yn it ferline ta de ortodoks-herfoarme rjochtingen fan it Grifformeard Ferbûn en Het Gekrookte Riet rekkene waarden. Op 1 jannewaris 2016 hie de HHT 58.952 leden.

Karakter bewurkje seksje

De Hersteld Herfoarme Tsjerke bestiet út 188 gemeenten en 66 tsjinstdwaande predikanten (2015). Wat de lizzing oanbelanget leit de HHT op de rjochterflank fan de Kristlike Grifformearde Tsjerke.

Yn de Hersteld Herfoarme Tsjerke wurdt tidens tsjerketsjinsten lêzen út de Steatefertaling en songen út de psalmberiming fan 1773 en de iennichste 12 gesangen. Kwa polityk giet de foarkar fan de measte HHT-leden út nei de SGP en yn mindere mate de KristenUny. De gemeenten lizze foaral yn de Bibelgurdle, in gebiet yn Nederlân fan Seelân oant Noardwest-Oerisel. Yn plakken as Staphorst, Alddoarp, Lunteren, Katwyk oan See, Opheusden, Putten, Elspeet, Urk, Wâldenberch en Doarnspyk binne grutte hersteld herfoarme gemeenten te finen.