Katwyk oan See
Katwyk oan See (Nederlânsk: Katwijk aan Zee) is ien fan de wenkearnen fan 'e gemeente Katwyk yn 'e Nederlânske provinsje Súd-Hollân. It plak hat likernôch 17.755 ynwenners (2022).
Katwyk oan See Katwijk aan Zee | ||
Loftfoto fan Katwyk oan See | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Súd-Hollân | |
Gemeente | Katwyk | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 17.755 (2022)[1] | |
Oerflak | 1,80 km² | |
Oar | ||
Postkoade | 2221, 2224-2225 | |
Netnûmer | 071 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 12' NB 4° 24' EL | |
Fiskersboat fan 'e float fan Katwyk, wylst Katwyk nea in haven hân hie. | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Kaart fan Katwyk oan See en omkriten |
Skiednis
bewurkje seksjeRomeinske tiid
bewurkje seksjeDoe't de Romeinen ûnder Julius Caesar Galje feroveren, waard de rivier de Ryn de noardlike grins fan it Romeinske Ryk. De Romeinske skiedskriuwer Tasitus beskreau it gebiet en op ferskate plakken yn it hjoeddeistige Súd-Hollân binne Romeinske oerbliuwsels weromfûn. De Romeinen bouden op it plak in kastellum, dêr't de oerbliuwsels fan nei ferrin fan tiid yn 'e Noardsee ferdwûn wiene. Lange tiid stiene dy oerbliuwsels bekend ûnder de namme Brittenburg. De Romeinske keizer Kaligula soe dêr syn ynvaazje fan Britannia taret hawwe, dy't bekend waard as "de slach mei de skelpen". Under de hearskippij fan keizer Klaudius (41-54 n.Kr.) waard de delsetting Lugdunum Batavorum op it plak fan Katwyk boud. Dy namme waard letter yn ferbining brocht mei de stêd Leien, mar dat wie net korrekt.
Midsiuwen
bewurkje seksjeNei it ferfarren fan de Romeinen rekke de delsetting ferlitten en rekke it gebiet foar it grutste part ûntfolke, mei útsûndering fan lytse isolearre groepen Friezen dy't harren nei wenjen setten bylâns de algeduerigen feroarjende kustline. Yn 'e 9e iuw waard it gebiet troch Angelsaksyske en Ierske sindelingen kerstene.
Yn 1231 waard Catwijck foar it earst neamd. It plakje bestie út net mear as in kearn fan in stikmannich hutten. Nei 1300 begûn it plakje te waaksen en waard al gau ferneamd om syn fiskerij, mar ek om 'e binnenfeart. Oan 'e ein fan 'e 14e iuw waard der fan in fiskôfslach yn Katwyk oan See sprutsen. Yn 1388 waard de fiskmerke ferhuze fan Katwyk oan de Ryn nei Katwyk oan See. De twa plakken foelen doe ûnder itselde bestjoer, de hearlikheid Beide Catwijcken en 't Sant. De twa plakken binne iuwenlang bestjoerlik ferbûn mei-inoar. It seedoarp bliuw waaksen en yn 1461 waard it in selsstannich karspel. Justjes dêrnei waard de Andréastsjerke, pleatslik bekend as de Alde Tsjerke, boud. Lange tiid wie der in minne ferbining tusken de twa Katwiken. Fanwegen it waaksen fan 'e befolking waard fierder it lân yn boud.
Letter soarge it tsjerksk libben, it fuotbal en famyljebedriuwen foar in grut netwurk oan sosjale kontakten yn eigen fermidden, dêr't men graach yn dy sletten mienskip troch wenjen bleau. Dat waard skaaimerkend foar it eigen karakter en de sterke ferbining yn it âlde doarp. Dêrtroch ûntstie in beheinde genepoel dêr't ynwenners harren oarehelte út keazen. De Katwykske sykte (HCWHWA-D) is in frij bekend fenomeen yn de doarpskearn: de sykte wurdt feroarsake troch in gen fan de miene foarâlder dy't tsien oant tolve generaasjes earder libben.
Iermoderne tiid
bewurkje seksjeYn 1520 kaam, ta fernuvering fan elkenien, út it stosân justjes súdlik fan de mûning fan de Alde Ryn, de Romeinske ruïne Brittenburg op. It waard it ûnderwerp fan in tal printen en skilderings. It hie in fjouwerkante foarm mei siden fan 75 meter en de ruïnen wiene likernôch 3 meter heech. Lang om let ferdwûn er wer ûnder it stowende sân. Der waard neitiids om 'e nocht socht om se werom te finen.
Yn 1572 waard yn Katwyk oan de Ryn yn rjochte line in kanaal rjochting de see groeven. Troch te min ûnderhâld yn 'e Tachtichjierrige Kriich fersâne it kanaal. Pas yn 1879 waard de farwei fannijs útgroeven.
Lange tiid wie it wurk yn 'e fiskerij earmoedich, ûnder oaren troch de hege belestingen. Dy waarden troch de hear fan Katwyk heft dy't dêrtroch it rjocht beoefene. Nei't de hearlike rjochten yn 'e 19e iuw ferfoelen, ferbettere it libben yn 'e fiskerij.
Moderne tiid
bewurkje seksjeSûnt de 20e iuw is Katwyk oan See in ferneamd badplak. Ein 1960-er jierren hie Katwyk de grutste fiskersfloat fan Nederlân mei 180 skippen. Letter doe't de nijmoadrigere skippen grutter waarden, giene de katwykske skippen nei de havens fan IJmuiden en Skeveningen en waard de float lytser.
Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard in part fan 'e bebouwing yn Katwyk oan See troch de Dútsers ôfbrutsen. In 200 meter brede stripe huzen by de kust del moast plak meitsje foar de Atlantikwall. Nei de kriich krige de bûlevaar syn hjoeddeistich oansjen.
Oan 'e ein fan 'e 1980-er jierren raanden Katwyk oan See mei Katwyk oan de Ryn en de noardlike nijbouwiken noardlik fan 'e Alde Ryn, hjoed-de-dei Katwyk-Noard, ta ien grutte gemeente Katwyk. Yn 2006 waarden de gemeenten Rynsburch en Falkenburch by Katwyk foege.
Buerten
bewurkje seksje- Sintrum
- Nij Súd
- Overduin
- Rooie Buurt
- Pricehaven
- Witte Hek
Kultuer
bewurkje seksjeDialekt
bewurkje seksjeYn Katwyk oan See wurdt in argayske fariant fan it Súdhollânsk, it Katwyksk (Kattuks), dat lykas it Skeveningsk, Noardwyksk en it Zandvoortsk ûnder it Strânhollânsk beflapt wurdt. It is ien fan mar in pear oarspronklike dialekten dy't yn Súd-Hollân]] oerbleaun binne, dêr't in sterkere Fryske substraat yn oerbleaun is. In part fan de ynwenners praat it dialekt noch alle dagen, wylst net mear yn 'e suvesrte foarm. De ynfloed fan it Standertnederlânsk wurdt lykwols hieltyd grutter. Yn 2020 kaam it Katwyksk wurdboek út. Hjoed-de-dei komme der noch wurden foar yn it Katwyksk dy't op it Frysk lykej, lykas regge (rêch) en skip (skip). It dialekt hard in grut ferskaat oan wurden út 'e fiskerijwrâld.
Tsjerksk libben
bewurkje seksjeKatwyk oan See wurdt beskôge as in otterdoks of befynlik, kristlik doarp. Yn 2000 wiene der krapoan 24.000 leden dy't by ien fan de tsjerkferbannen yn Katwyk oan See oansletten binne. De measten dêrfan binne herfoarme, dêr't de herfoarme gemeente mei-inoar 20.471 leden fan hie. Dy leden komme njonken it doarp ek út 'e omkriten.
Dêr is ek in Hersteld Herfoarme Tsjerke mei likernôch 1800 leden, ferparte oer 3 wykgemeenten. Fierders binne der in Kristlik-grifformearde tsjerke, in grifformearde gemeente en in Grifformearde tsjerke frijmakke. Dy hawwe mei-inoar minder leden as de herfoarme gemeenten.
Ek is der yn Katwyk oan See in Universele Soefytimpel dy't yn 'e súddunen stiet.
Klaaiïnge
bewurkje seksjeDe Katwykske klaaiïnge is njonkelytsen alhiel út it strjitbyld ferdwûn. Skaaimerkend foar de froulju wiene de wite, kante kapke dat mei in earizer fêstmakke waard. Dat earizer waard ynearsten as funksjoneel sjoen, letter as in teken fan rykdom. As jas tsjinne de skoudermantel (Katwyksk: skoemantel) dy't los oer de skoudeers hinne droegen waard en gjin sluting hie.
Der waard in soad swart droegen, Katwykske froulju ferlearen earder har man of soan op see en wiene gauris yn 'e rouwe. Letter waard swart de moade by tradysjegebrûken.
Sport
bewurkje seksjeIn soad ynwenners fan it doarp binne, njonken belutsenens yn it tsjerksk libben, ek belutsen yn sportferienings. Yn Katwyk oan See is de grutste amateurfuotbalferiening fan Nederlân: Quick Boys.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- Andréastsjerke
- Nije Tsjerke fan 1885
- Fjoerbeaken, boud yn 1605
- Soefytimpel
Berne yn Katwyk oan See
bewurkje seksje- Dirk Kuijt (1980), proffuotballer
- Mick Spek (1997), artyst en muzykprodusint
- Charley Toorop (1891-1955), skilder en litograaf
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Gemeente Katwyk | ||
---|---|---|
Kearnen: Falkenburch • Katwyk-Noard • Katwyk oan de Ryn (haadplak) • Katwyk oan See • Rynsburch | ||
· · |