Nije Tsjerke (Katwyk oan See)

De Nije Tsjerke (Nederlânsk: Nieuwe Kerk) is in herfoarme tsjerke oan de Foarstrjitte yn Katwyk oan See. De tsjerke is in ûntwerp fan de arsjitekt H.J. Jesse (1860–1943) út Leien, it wie syn earste wurk. De herfoarme gemeente fan Katwyk is oansletten by de Protestanske Tsjerke yn Nederlân.

Nije Tsjerke

Nieuwe Kerk

bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Súd-Hollân
gemeente Katwyk
plak Katwyk oan See
adres Voorstraat 79
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1886-1887
arsjitekt Hendrik Johannes Jesse
boustyl Neorenêssânse
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 23539
offisjele webside
Herfoarme gemeente Katwyk

Doe't de Andréastsjerke te lyts waard ûntstie der needsaak foar de bou fan in gruttere nije tsjerke. De gemeente liet al yn 1850 plannen foar de bou fan in nije tsjerke yn him omgean, mar pas yn 1883 waard der socht nei in geskikt plak foar de nijbou. De tsjerkfâldij skreau in priisfraach foar in nij ûntwerp út en krige 53 ynstjoeringen. Hja keazen foar it ûntwerp fan H.J. Jesse. Yn 1885 sette de bou út ein, de earste stien waard lein troch barones Van Wassenaer van Catwijck en de tsjerke koe yn 1887 yn gebrûk nommen wurde. Tsjintwurdich is de tsjerke in ryksmonumint en de toer heart ta de heechste bouwurken fan it doarp. De toer is fanôf de hoanne likernôch 51 meter heech.

Arsjitekt Jesse liet in brede krústsjerke yn de styl fan de neorenêssânse bouwe. Ynearsten hiene der maksimaal 1500 minsken plak, letter is de kapasiteit tanommen ta 2000 sitplakken, ek al binne der ek tallen fan 2200 neamd. De tsjerke bestiet út twa brede, koarte skippen en in lang dwersskip. De úteinlike boukosten wiene twa kear sa heech as begrutte.

Yn de klokkestoel fan de ynboude toer hingje in klok fan W. Wegewaert út 1594 mei in diameter fan 120,3 sintimeter en in klok dy't getten is yn 1857 en in diameter hat fan 45,5 sintimeter. It ynterieur komt oerien mei in tradisjoneel protestansk tsjerkeynterieur.

 
Oargel

It oargel fan de Nije Tsjerke waard yn de jierren 1981-1983 boud troch oargelbouwer Jan van den Heuvel út Doardt. It ynstrumint is neffens it meganysk sleepladesysteem boud en stiet efter it histoaryske front fan it Nolting-oargel út 1822, dat op oanwizing en ûnder tafersjoch fan de Rykstsjinst foar Monumintesoarch folslein restaurearre waard. De tachtich registers binne ferdield oer fjouwer manualen en pedaal en dêrmei is it it op twa nei grutste oargel fan it lân. Allinne de oargels fan de Laurenstsjerke yn Rotterdam en de Bavobasilyk fan Haarlim binne noch grutter.

Op technysk en artistyk mêd fûn in oriïntaasje plak neffens de begjinsels fan de Frânske oargelbouwer Aristide Cavaillé-Coll (1811–1899). It tal registers fan it posityf heart ta it grutste tal fan de wrâld.

It Récit expressif is boppe it oargelfront yn de toer fan de tsjerke set en kin troch it betsjinjen fan in trêd by de klaviatuer hielendal fan de tsjerkeromte isolearre en der fuort ynbrocht wurde, itjinge in bysûnder effekt feroarsaket. De klaviatuer is yn Frânske styl útfierd. Njonken de saneamde registerstuollen binne trêden boppe it pedaal set, dy't tsjinje as spylhulpen.

It hiele oargel is op suver ambachtlike wize yn de ateliers yn Doardt boud en waard persoanlik troch Jan van den Heuvel ûntwurpen en yntonearre. Dêrby advisearre Jaan van Rijn, haadoargelist fan de Nije Tsjerke. It oargel yn de Nije Tsjerke makke sa'n yndruk op de Sociéte Académique "Arts, Sciences, Lettres" yn Parys, dat yn 1984 harren ûnderskieding Medaille d’Argent oan Jan van den Heuvel útrikke waard, in takenning dy't foar it earst oan in oargelbouwer jûn waard .

Yn de herfoarme gemeente binne twa streamings dy't de tsjerke brûke: de Konfesjonele Feriening en it Grifformearde Bûn. Beide streamings sjonge út de Psalmberiming fan 1773 en de 12 iennige gesangen. De Konfesjonele Feriening makket dêrnjonken ek gebrûk fan de gesangenbondel út 1938. Dêrnjonken wurdt der by de Grifformearde Bûn net-ritmysk songen en by de Konfesjonele Feriening ritmysk. De tsjinsten fan it Grifformearde Bûn steane yn de befinelik-grifformearde tradysje.

Sûnt 1994 wurdt der ien- of twaris yn 't jier yn de Nije Tsjerke in sjongjûn foar manlju organisearre. Trochhinne sjonge dan 2000 manlju yn de tsjerke en om't it koar dan fakentiden yn de dooptún is, kin dat tal wol 2.200 helje. Fan de sjongjûn wurdt alle kearen in cd makke.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Andreaskerk (Katwijk)