Neorenêssânse
Neorenêssânse is in 19e iuwske boustyl dy't him benammen yn Europa en westerske lannen/ôfhinklike gebieten bûten Europa oppenearre. By de neorenêssânse wurdt weromgrepen nei de boukeunst út de tiid fan de renêssânse.
Algemiene skaaimerken fan neorenêssânse bouwurken binne horizontale linen dy't de gevel in rjochthoekige flakken ferdiele. By de ruten wurde gauris krúskozinen brûkt, mooglik mei in rûne boppekant. By de Hollânske ferzje fan de neorenêssânse binne trepgevels, speklagen, de horizontale linen dy't de gevel in 'flakken' ferdiele, blokken en krúskezinen wichtige skaaimerken. Fierders fynt men der ynfloeden út de Frânske boustyl fan de François I Loirekastielen mei rike, natuerstiennen gevels en ymposant dakpartijen, of Italjaanske foarbylden sa as pylders en rûnbôgen, yn de neorenêssânse werom.
De neorenêssânse wie yn de Fryske lannen tusken 1870 en 1885 op syn hichtepunt. Foarbylden fan de neorenêssânse yn de Fryske lannen binne:
- De Joadske Skoalle yn Ljouwert
- De Stedsskouburch yn Grins
- De Snitser Wettertoer