Katwyk oan de Ryn
Katwyk oan de Ryn (Nederlânsk: Katwijk aan de(n) Rijn of Katwijk-Binnen) is ien fan de fiif offisjele kearnen yn 'e gemeente Katwyk yn 'e Nederlânske provinsje Súd-Hollân. It plak leit tusken Katwyk oan See, Rynsburch en Falkenburch yn it foarmet in ienheid mei dy kearnen. It plak hat goed 11.400 ynwenners.
Katwyk oan de Ryn Katwijk aan den Rijn | ||
Doarpstsjerke | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Súd-Hollân | |
Gemeente | Katwyk | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 11.460 (2021)[1] | |
Oerflak | 2,19 km² | |
Befolkingsticht. | 5.200 ynw. /km² | |
Oar | ||
Postkoade | 2223-2224 | |
Netnûmer | 071 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 12' NB 4° 25' EL | |
Kaart | ||
Kaart | ||
Kaart fan Katwyk oan de Ryn en omkriten |
Skiednis
bewurkje seksjeKatwyk oan de Ryn ûntstie oan 'e mûning fan 'e Alde Ryn yn 'e Noardsee dy't dêr foar de 11e iuw rûn. It plak waard yn 1231 foar it earst neamd. Greve Floaris IV hie syn residinsje en spriek rjocht dêr. It doarp moast doe al in iuw bestean ha. Yn 1388 ferlear it doarp syn fiskmerke oan it waaksende Katwyk oan See. De twa plakken foelen doe al ûnder itselde bestjoer, de hearlikheid Katwyk en 't Sant. Yn Katwyk oan de Ryn waard benammen fan 'e lân- en túnbou libbe. Dêrnjonken wiene dêr iuwenlang touslaggerijen en tsjinne it plak as in soarte fan trochfierhaven.
Katwyk oan de Ryn wie iuwenlang ferbûn oan de famylje Van Wassenaer van Catwijck. Dat is in takke fan it âlde aadlike hûs Wassenaer. Dy takke ûntstie nei it boaskjen yn 1668 fan Jacob fan Wassenaer, hear fan Voorschoten, Duivenvoorde en Veur (1649-1707) mei Jacoba fan Lyere, frouwe fan de twa Katwiken en 't Sant (1652-1693), dochter fan Maria fan Reygersbergh, frouwe fan de twa Katwiken. De leden fan 'e takke Van Wassenaer van Catwijck waarden byset yn it famyljegrêf yn de Doarpstsjerke yn Katwyk oan de Ryn.
De âlde herberch yn it sintrum, De Roskam, hie iuwenlang in wichtige funksje yn it doarp. Dêr waard rjocht sprutsen en letter wie it in skoftke lang in plak fan gearkomsten fan de skout en skepenen. Hjoed-de-dei is er noch hieltyd it sintrale plak fan feesten en eveneminten.
Yn 'e lêste iuw naam de grientefeiling in wichtich plak yn. Katwyk wie de grutste produsint fan wosken woartels yn Jeropa. Yn it begjin fan 'e 21e iuw ferlear Katwyk dy funksje, want de grientefeiling waard opheft.
Hjoed-de-dei
bewurkje seksjeIt gemeentehûs fan Katwyk stiet yn Katwyk oan de Ryn, op de grins mei Katwyk oan See, wylst de boargemasterswente oan oare kant fan 'e strjitte yn Katwyk oan See stiet. De wyk Molenwijk yn Katwyk oan de Ryn, mei in soad flats en heechbou, waard yn de 1980-er jierren yngeand feroare. In soad âlde flats waarden sloopt en in nije flat, de Molenburgh waard boud, lykas in soad iengesinswenten. In tal flats waard restaurearre, lykas dy oan de Tulpstraat mei in tal winkels op 'e flierferdjipping. De wyk Cleijn Duin leit neffens de gemeente ek yn Katwyk oan de Ryn, hoewol't de mieningen dêroer ferdield binne. De N206 wurdt gauris sjoen as skiedsline tusken Katwyk oan de Ryn en Katwyk oan See.
Buerten
bewurkje seksje- Molenwijk
- Cleijn Duin
- 't Sandt
- Tranendal
- Koestal
- de Zanderij
It besjen wurdich
bewurkje seksje- Doarpstsjerke, mei toer en koer fan om 1300 hinne. It skip komt fan mid 15e iuw. Yn de tsjerke is it grêfmonumint fan Willem fan Lyere en Maria fan Reygersbergh (1663) en in oargel (1765) yn rokokostyl.
- Jehannes de Dopertsjerke, in roomsk-katolike tsjerke út 1846.
- Nôtmûne De Geregtigheid út 1740
- De schutter, in ruterstânbyld fan G. Brouwer út 1986
De haadwei yn Kawtyk oan de ryn is de Rijnstraat, dêr't it sintrum en letter it hiele doarp om hinne ûntjoen is. Alle jierren yn 'e lêste wike fan augustus is dêr in hjerstfeest. Dêr is ek merke. Yn 2015 ried dêr in tydlike trein troch de strjitte.
Galery
bewurkje seksje-
Nôtmûne De Geregtigheid
-
Rijnstraat
-
Tydlike trein op it hjerstfeest.
-
De mens hij is als een bloem die bloeit op het veld. Byld fan Gosse Dam op it nije begraafplak Blekerij
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Gemeente Katwyk | ||
---|---|---|
Kearnen: Falkenburch • Katwyk-Noard • Katwyk oan de Ryn (haadplak) • Katwyk oan See • Rynsburch | ||
· · |