Grifformearde tsjerke (Bitgummole)

De Grifformearde tsjerke oan de J.H. van Aismawei 11 yn Bitgummole is in monumintale tsjerke fan de Protestantske gemeente Bitgum-Bitgummole-Ingelum-Marsum. De tsjerke is in ryksmonumint.

Grifformearde tsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
plak Bitgummole
adres J.H. van Aismawei 11
koördinaten 53° 14' N 5° 42' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
arsjitekt Ane Nauta
boujier 1924-1925
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 508683 [1]
Webside
PKN-Bitgum e.o.
Kaart
Grifformearde tsjerke (Fryslân)
Grifformearde tsjerke
 
Gevelstien

De grifformearde tsjerke waard yn de jierren 1924-1925 as in krústsjerke boud en krige op it súdeasten in 26,40 meter hege toer mei oerwurk. Boppe de súdlike tagong fan de tsjerke is in grut roasfinster ynbrocht. Tagelyk mei de bou fan de tsjerke fûn ek de bou fan de pastorij plak.

It ynterieur is noch gruttendiels yntakt. Allinnich by it liturgysk sintrum binne in tal banken sneuvele om dêr mear romte te meitsjen. De banken steane yn in waaiereftige opstelling om de preekstoel en it dêr boppe hingjende oargel groepearre. Bysûnder oan de tsjerke is dat alle finsters glês-yn-lead-ramen krigen, dy't yn 2013 allegear restaurearre binne.

 
Oargel en preekstoel

It oargel waard yn 1900-1901 troch Bakker & Timmenga boud foar de foargonger fan de hjoeddeiske tsjerke. Yn 1911 en 1932 waard it ynstrumint útwreide mei nije registers. By de restauraasje fan 1956 waard in elektryske wynmasine tafoege, sadat de blaasbalge oerstallich waard en it bespyljen fan it oargel gjin twadde man mear nedich hie.

Skiednis gemeente

bewurkje seksje

Ut ûnfrede mei de feroarings en de tanimmende frijsinnigens yn de Herfoarme Tsjerke besleat in tal lidmaten fan de gemeente Bitgum har út te skriuwen en oan te sluten by de op 1 desimber 1835 stifte 'Kristlike ôfskieden gemeente fan Minnertsgea'. Pas op 15 maaie 1841 krige de gemeente, nei meardere fersiken om 'e nocht, de foar it organisearjen fan tsjerklike gearkomsten fereaske erkenning fan de oerheid. Yn in tiid dat de lju oeral noch te gean hinne moasten, wie Minnertsgea noch in hiele ôfstân en dêrom waard op 2 april 1842 de Kristlike ôfskieden gemeente fan Bitgum oprjochte. Nei't op 10 oktober 1844 de erkenning fan de oerheid kaam, waard foar de groeiende gemeente yn 1845 útein set mei de bou fan in earste tsjerke oan de Alde Berltsumerdyk, dy't yn de rin fan de tiid iderkear wer te krap waard. As gefolch fan in synoade-beslút waard yn 1869 de namme fan de ôfskieden gemeente feroare yn "Kristlik-grifformearde gemeente fan Bitgum".

Yn de jierren 1870-1880 lôge der in nij konflikt yn de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke op dat útrûn op de doleânsje. Nettsjinsteande de útslach fan de tsjerklike ferkiezings yn 1876 feroare der neat oan de dominânsje fan de frijsinnige dûmny's yn de klassikale bestjoeren, de provinsjale tsjerkebestjoeren en de synoade. Ek wie der in skeel oer de tapassing fan de 'Trije formulieren fan Ienheid' en it behear fan tsjerklik guod. Op 'e nij lieten in tal lidmaten yn Bitgum en omkriten harren fan de Herfoarme Tsjerke ôfsnije. Ut dy skuorring ûntstie de "Nederdútsk-grifformearde gemeente fan Bitgummole". De dolearjende gemeente tsjerke ynearsten yn it lokaal fan de eardere herberch yn Bitgummole.

Bou fan de nije tsjerke

bewurkje seksje
 
Ynterieur

Op 21 augustus 1892 giene de Bitgumer kristlik-grifformeaden en de nederdútsk-grifformearden tegearre fierder as "Grifformearde tsjerke fan Bitgum". Likernôch tagelyk waarden de tsjerklike grinzen feroare en ûntstie út de Bitgumer gemeente wei in selsstannige grifformearde gemeente yn Berltsum. Earder, yn 1863, hiene de ôfskieden leden út Sint-Anne harren al fan Bitgum ôfsûndere en ek in eigen gemeente stifte. Om't mei it weifallen fan Berltsum (en earder Sint-Anne) foar de oerbliuwende gemeente (mei de doarpen Bitgum, Bitgummole, Ingelum, Marsum en Menaam) Bitgummole no sintraler lei, waard de tsjerke oan de Berltsumerdyk ôfbrutsen en ferhûze nei it tsjintwurdige plak. By de bou waard in soad materjaal en ek it ynterieur op 'e nij brûkt. Yn 13 wiken tiid stie der in grifformearde tsjerke oan de J.H. van Aismawei.

Noch ienris feroaren de grinzen fan de grifformearde gemeente doe't Menaam by de Grifformearde gemeente fan Dronryp foege waard. Mar it ferlies fan de Menamer leden waard mear as goed makke troch de foarse groei fan de gemeente en op 24 july 1924 naam de tsjerkeried it beslút om de hjoeddeiske tsjerke te bouwen neffens de plannen fan Ane Nauta.

Yn 2003 giene de grifformearden en de herfoarmen fan de doarpen byinoar yn in 'Samen-op-Weg'-gemeente. Op 17 febrewaris 2013 fûn de fúzje fan de SOW-gemeente plak ta de 'Protestantske gemeente Bitgum e.o.'. It behear fan de tsjerken fan Bitgum, Ingelum en Marsum is tuskentiids by stiftingen ûnderbrocht.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • In en Rondom de Kerk, Reimer Dijkstra, 1984