Marsum
Marsum is in doarp yn de gemeente Waadhoeke, beëasten Menaam. It doarp hat likernôch 1.156 ynwenners (2007). Meidat Ljouwert him hieltiten mear útwreidet leit Marsum noch mar in pear kilometer fan Ljouwert ôf. Marsum soe om 1300 ûntstien wêze op it krúspunt fan de âlde seedyk nei Boalsert en in seedyk dy't in gedielte fan de Middelsee ôfsluet.

de himrik fan Marsum
GebouwenBewurkje
- Yn it doarp stiet it Poptaslot, in stins dy't ek wol Heringastate neamd wurdt. It slot waard om 1500 hinne boud troch de famylje Heringa. It gebou hat unike bedsteeën út 1540 en in 17e - en 18e iuwsk ynterieur dy't besjoen wurde kinne by de rûnliedings yn de simmermoannen.
- Oan 'e Hegedyk en de Buorren stiet it Poptagasthûs, dat de status fan ryksmonumint hat.
- Justjes bewesten Marsum stiet de Marsumermûne, in poldermole út 1903.
- Súdwestlik fan it doarp stiet de yn 1888 boude poldermole Terpsicht, de lytste spinnekopmole fan Nederlân.
- De Sint-Pontianustsjerke
MienskipBewurkje
Der is in doarpshûs Nij Franjum en in feriening foar Doarpsbelang. Ien kear jiers is de ferkiezing fan 'Marsumer fan it Jier', dy't dan de Fergulde Biezem útrikt krijt. De Pikepôle is it pjutteboartersplak; De Pôle de basisskoalle. Yn de Nieuwskruier stiet it pleatslik nijs. Unia is it sportkompleks oan de Veemanstrjitte.
FerieningsBewurkje
- OKK - toaniel
- Aldjiersploech Marsum
- De Poptadûnsers - folksdûnsjen
- Fûgelwacht Marsum e.o.
- Ons Genoegen - fanfare
- Nocht en Wille - sjongen
- DSVS - follybal
- Ritsuma - iisclub
- Fuotbalferiening SSS '68
- keatsferiening Foarút
- tennisferiening Marsum
BefolkingBewurkje
Berne yn MarsumBewurkje
- Riemer Veeman (1867), suveldeskundige
- Wybren van Wieren (1953), keatser
StrjittenBewurkje
Alle strjitten yn Marsum.