Wurdum
Wurdum is in doarp dat yn de gemeente Ljouwert leit. Wurdum leit noardeastlik fan Wytgaard, westlik fan Swichum en besuden Goutum en Ljouwert. Yn 2022 hie Wurdum 1.145 ynwenners. De doarpskearn fan Wurdum leit om de Sint-Martinustsjerke op de terp fan Wurdum.
Wurdum | ||
![]() | ||
Sicht op Wurdum | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.145 (2022) [1] | |
Oerflak | 7,86 km² lân: 7,77 wetter 0,08 km² | |
Befolkingsticht. | 147 ynw./km² | |
Polityk | ||
Lân | ![]() | |
Provinsje | ![]() | |
Gemeente | ![]() | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 08' N 5° 48' E | |
Offisjele webside | ||
Side Wurdum-Swichem | ||
Kaart | ||
It buorskip Tsjaard heart ek by Wurdum.
Skiednis Bewurkje
Stinsen en states Bewurkje
Om Wurdum stienen eartiids in soad stinzen. Op it kaartsje binne oanjûn:
- 1 Ayttastate (Swichum)
- 2. Unia
- 3. Camstra
- 4. Camstra (Bootsma)
- 5. Grut Camminga (boppe), Ald- of Lyts Cammingha (ûnder)
- 6. Barrahûs
- 7. Jousma of Eysingastate
Sûnt 1943 leit Wurdum yn de gemeente Ljouwert, dêrfoar lei it yn de gritenij Ljouwerteradiel (súdertrimdiel).
Wigle fan Aytta Bewurkje
Op 19 oktober 1507 waard Viglius fan Aytta berne op Barhûs ûnder Wurdum. Hy wie in soan fan Folkert fan Aytta dy't de eartiidse úthôf fan it Burgumer kleaster fan 1503 ôf yn erfpacht hie. Hy wie lid fan it Hof fan Fryslân, foarsitter fan de Ried fan Steat, riedshear fan Karel V en foarsitter fan 'e Geheime Rie. Hy stifte yn 1572 it Aytta-Godshûs en in kapel yn Swichum.
Tsjerke Bewurkje
- De Wikipedy hat ek in side Sint-Martinustsjerke (Wurdum).
Yn it doarp stiet de monumintale protestantske Sint-Martinustsjerke. De oarspronklike dowestientsjerke wie mûglik fan 1204. Oan de ein fan de 13e iuw is it grutstepart fan de tsjerke nijboud. De tsjerke is wijd oan Martinus fan Toers.
Yn likernôch 1688 of 1718 hat it doarp de toer oan de westkant fan de tsjerke om it jildtekoart fan de tsjerke ôfbrekke litten. De toer wie fan dowestien, dat nei gedachten wie dy fan de oarspronklike tsjerke. De dowestiennen waarden ferkoft oan de semintyndustry yn Makkum. De Wurdumers hawwe dêrtroch de bynamme tuorkefretters of toerfretters. Yn de 18e iuw is de westkant fan de tsjerke noch fierder ynkoarte. It is net dúdlik of de tsjerke earder twa tuorren hie; de hjoeddeiske toer is fan 1806, en is boud wêr't nei alle gedachten earder in kapel west hat.
Oant de foarming fan ien protestantske gemeente hie Wurdum ek in griffomearde tsjerke, de Unitastsjerke. Dy tsjerke is yn 2003 sletten, mar it gebou is bewarre bleaun en ferboud ta apparteminten.
Mienskip Bewurkje
Wurdum hat ien feriening foar Doarpsbelang mei Swichum. De Golle is it doarpshûs fan Wurdum.
Skoallen Bewurkje
Wurdum hie twa basisskoallen: De Arke (prot.-kristlik basisûnderwiis) en de Uniaskoalle (iepenbier basisûnderwiis). Sûnt 2020 binne de skoallen gearfoege ta ien mienskipsskoalle.[2]
Ferienings Bewurkje
- Toanielferiening Nut en Nocht
- Fuotbalferiening WWS
- Tennisferiening
- Gymnastykferiening KDO
- Keatsferiening Mei Elkoar Nij Libben
Befolkingsferrin Bewurkje
It ynwennertal fan Wurdum is desennialang stabyl bleaun, mar sûnt de sântiger jierren komme der stadichoan mear op-en-del-reizgers foar Ljouwert te wenjen.
Jier | 1913 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 1999 | 2002 | 2005 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 1.552 | 1.019 | 983 | 1.007 | 1.002 | 1.041 | 1.163 | 1.211 | 1.236 | 1.145 |
Ynfrastruktuer Bewurkje
Strjitten Bewurkje
Sjoch: strjitten fan Wurdum
Ferbinings Bewurkje
Wurdum leit op it krúspunt fan trije fearten:
- De Wurdumer Feart, dy't yn it ferline trochrûn nei Ljouwert.
- De Nije Wurdumer Feart, dy' ferbining jout mei de Ringsleat fan de Wergeaster Mar, en fierder nei Wergea.
- De Tsjaarder Feart.
Earder wie der ek noch:
- De Werpster Feart, dy't allinnich nei de Werp late.
Fan 1868 oant 1938 en fan 1940 oant 1949 hie Wurdum in stasjon oan it spoar fan Swol nei Ljouwert. De geografyske ferkoarting foar Wurdum wie Wdm.
Sjoch ek Bewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Stêd: Ljouwert | |
Doarpen en útbuorrens: Alde Leie • Baard • Bears • Britsum • Eagum • Easterlittens • Feinsum • Friens • Goutum • Grou • Idaerd • Hijum • Hilaard • Himpens • Húns • Jellum • Jelsum • Jirnsum • Jorwert • Koarnjum • Lekkum • Leons • Mantgum • Miedum • Reduzum • Snakkerbuorren • Stiens • Swichum • Tearns • Warstiens • Warten • Weidum • Wergea • Wytgaard • Wurdum | |
Buorskippen: Abbenwier • Aldskou (foar in part) • Angwier • Baarderbuorren • Bartlehiem (foar in part) • Buerstermûne (foar in part) • Domwier • Finsterbuorren • Fjouwerhûs • Fûns • Goattum • Hesens • De Him • Hoek • It Hoflân • Hoptille • Marwert • Midsbuorren • Naarderbuorren • Noardein • Poelhuzen • Rewert (foar in part) • Skillaerd • Skrins • Suderbuorren • Suorein • It Tichelwurk • De Trije Romers • Truerd • Tsienserbuorren • Tsjaard • Tsjeintgum • Wammert • Westerbuorren • Wielstersyl • Wieuwens |