It Aytta-Godshûs wie in gasthûs (of hospitaal) foar âlderein yn Swichum, it stie noardeast fan de tsjerke.

It útrette Aytta-Godshûs yn 1912
Yn 1912 wie de sydfleugel al net mear oanwêzich

Wigle fan Aytta, berne yn Barrahûs, rjochtsgelearde en steatsman, stifte yn 1513 in gasthûs en in fûns, foar sân âlde minsken yn Swichum. De bewenners moasten fan ûnbesprutsen gedrach wêze en geregeldwei nei tsjerke gean. Sy krigen ek in jierlikse útkearing.
Fan Aytta stifte it hûs út tankberens foar en ta neitins fan syn omke Bernard, dy't him yn de gelegenheid steld hie om te studearjen. Bernard waard berne op Ayttastate yn Swichum.

It gebou, yn renêssânsestyl, mei oarspronklik trije trepgevels, tsjinne lang as earmhûs (ek wol godshûs). It hûs hie in bemuorre tún en yn in sydfleugel siet in bakkerij en in slachterij. Somtiids (yn elts gefal yn de 19e iuw) is in part fan it gebou ek wol ferhierd west. Ein fan dy iuw rekken de fûnsen op en it gebou fertutearzge. Om 1913 hinne is it ôfbrutsen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: