Bernardus Bucho Aytta fan Swichum
Bernardus Bucho Aytta fan Swichum (1465 - 1528) wie in pryster. Hy wie de omke fan diplomaat Wigle fan Aytta (1507-1577) dy't foarsitter fan de Geheime Ried fan keizer Karel V waard. Loyaliteit oan de machthawwers telde foar him swierder as populariteit ûnder lânslju.
Skiednis
bewurkje seksjeBernardus Bucho studearre oan de universiteit fan Leuven. Yn 1499 keas hy iepentlik foar de bûtenlânske oerhearsker, hartoch Albrecht fan Saksen en waard sadwaande tsjinpoal fan Fryske frijheidsstriders as Grutte Pier en Jancko Douwama.
Kronykskriuwer Petrus fan Thabor beskriuwt him as "een man, die neyt bequaem was van aensicht end van wesen ende van spreken". Dochs ûnderskiede Bernardus him as diplomaat. Sa spile er in grutte rol yn it politike stekspul dat yn 1517 yn Parys losbaarnde oer de hearskippij oer Fryslân. De Habsburgers lutsen dêr oan it langste ein. Hy krige ek funksjes as pastoar fan de Ljouwerter Sint Fitustsjerke, mar liet it wurk troch oaren dwaan. Kening Karel V skonk him goede stikken lân yn It Bilt dêr't er gjin hier foar hoegde te beteljen. Yn 1519 gie er út Fryslân wei en sette him nei wenjen yn De Haach. Dêr waard er deken fan de hofkapel. Tagelyk waard er riedshear yn de hoven fan Hollân, Seelân en Fryslân.
Mei trije oare kettermasters ferhearde Bernard yn 1525 de ketterske marteler Jan de Backer fan Woerden. In pear dagen letter moast Jan nei de brânsteapel.
Bekend is syn korrespondinsje mei humanist Desiderius Erasmus. Fan him is ek in yn it Frysk skreaun bryfke bekend, dat er skreau om 1512 hinne oan Gerrold Herama. Dêryn neamt er Hessel Martena ûnbetrouber. Dit brief wurdt tsjintwurdich by Tresoar bewarre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|