Hessel Martena
- Dizze side giet oer de wierskynlik legindaryske haadling Hessel Martena fan omtrint 1300. Foar de histoaryske haadling út 'e Saksetiid, sjoch: Hessel fan Martena.
Hessel Martena is in legindaryske haadling út it begjin fan de 14e iuw dy't in skoftlang yn Fryslân in protte macht hân hawwe soe. Hy slagge deryn de Skieringers mei de Fetkeapers te fersoenen en ûnder syn lieding waard de oanfal fan de Hollânske greve Willem III op Fryslân ôfslein. Oft er wier bestien hat is lykwols in striidkwestje. De kronyk fan Andreas Cornelius dy't as boarne foar him jilt, wurdt nammentlik ta de fantastyske skiedskriuwerij rekkene.
Skiednis
bewurkje seksjeHessel stie benammen bekend om't syn skrander belied. Under syn bewâld bliuwe grutte útspattings tusken de Skieringers en Fetkeapers út.
Doe't de Hollânske greve Willem besocht om Fryslân ûnder syn bewald te krijen, waard Hessel troch de Friezen ta oanfierder keazen. Yn 1309 lanne er mei in float by Starum. Mei syn kriichsmacht fan om-ende-by 1500 soldaten luts hy al plonderjend troch Gaasterlân. Under oanfiering fan Hessel joech it Fryske leger goed wjerstân en moast greve Willem him weromlûke.
Hessel kaam op 16 augustus 1312[1] te ferstjerren. Troch de Friezen waard der gjin nije haadling as opfolger keazen. Geregeldwei soe it konflikt tusken Skieringers en Fetkeapers wer tanimme. Hessel is de heit fan Syds Hessels Martena, en de oerpake fan Johan Sytses Martena, dy't ek wol de 'Fryske Duvel' neamd waard.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|