Andreas Cornelius

Frysk skiedkundige

Andreas Cornelius (Starum, ? - Harns, 1589) wie in kronykskriuwer. Neffens Suffridus Petrus, dy't fan apokrife skiedskriuwing fertocht wurdt, in Harnzer oargelist fan Starum.

De kronyk waard publisearre yn 1597 yn Ljouwert ûnder de titel Croniicke ende waarachtige Beschrijvinge van Vrieslant. Yn syn foaropwurd beweart Cornelius dat hy him basearret op wurken fan Ocko fan Skarl (út de 10e iuw) en op in kronyk fan Johannes Flytarp, skriuwers dy't fierders net bekend binne. It wurk waard al troch Ubbo Emmius as folslein ûnbetrouber ôfwiisd. Oer de troch Cornelius oanfierde boarne Johannes Flytarp is fierders neat bekend. Hy soe de sekretaris west ha fan in potestaat Martena, dy't ek troch nimmen oars neamd wurdt.[1] Waterbolk fermoedet dat de kronyk troch Joachim Hopperus of in oare Fryske humanist út it fermidden fan Viglius fan Aytta komponearre wurden wêzen kin.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Vlietarp, Johannes, Biographisch woordenboek der Noord- en Zuidnederlandsche letterkunde (1891).