Suffridus Petrus
Suffridus Petrus (Ljouwert, 15 juny 1527 - Keulen, 23 jannewaris 1597) wie in skiedskriuwer dy't in protte skreaun hat oer de Fryske skiednis.
Libben
bewurkje seksjeSuffridus Petrus waard berne yn Ljouwert en folge yn Leuven syn stúdzje. Nei in skoftke yn Ljouwert wenne te hawwen, waard hy yn 1553 heechlearaar yn de âlde talen yn Erfurt. Op oanrikkemandaasje fan J. Hopperus wurdt Suffridus yn 1562 sekretaris en bibletekaris fan Granvelle. As hy in skoft yn Fryslân tahâldt sammelet er histoaryske gegevens en dokuminten byinoar. Nei 1577 bliuwt er oan syn dea ta heechlearaar yn Keulen.
Wurk
bewurkje seksjeSuffridus Petrus hat in grut ferskaat skreaun en sammele. Trochdat er him dwaande hâldt mei de Fryske skiednis wurdt er tige bekend dêr't de Deputearre Steaten him yn 1590 ta Frysk skiedskriuwer beneame. Hy besiket om de kronyk fan Ocko Scharlensis in wittenskiplik fûnemint te jaan. Mei dêrtroch krijt de apokrive skiedskriuwing wat te folle oanhing. It wittenskiplike karakter wurdt dan te maklik brûkt om it Fryske ferline te idealisearjen.
Bibliografy
bewurkje seksje- De Frisiorum antiquitate et orgine libri tres (Keulen 1590; Frentsjer 1698)
- De scriptoribus Frisiae, decades XVI et semis (Keulen 1593; Frentsjer 1699)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|