Swichum
Swichum is doarpke yn de gemeente Ljouwert tusken Wurdum en Wergea, in pear kilometer besuden Ljouwert.
Swichum | ||
![]() | ||
Sicht op it doarp Swichum | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 50 (2022) [1] | |
Oerflak | 1,78 km² lân: 1,76 wetter 0,02 km² | |
Befolkingsticht. | 147 ynw./km² | |
Polityk | ||
Lân | ![]() | |
Provinsje | ![]() | |
Gemeente | ![]() | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 09' N 5° 49' E | |
Offisjele webside | ||
Side Wurdum-Swichem | ||
Kaart | ||
SkiednisBewurkje
De skiednis fan Swichum giet werom oant foar it begjin fan ús jiertelling. Swichum wie oarspronklik in natuerlike ferheging mids sompen en marren. Yn de 10e iuw krige Swichum troch dikebou in ferbining mei Goutum en de stêd Ljouwert. By de pleats Ayttastate, tsjinoer de tsjerke, groeit de stinzeplant ayttablomke.
Oant 1 jannewaris 1944 foel Swichum ûnder de gemeente Ljouwerteradiel.
TsjerkeBewurkje
- De Wikipedy hat ek in side Nikolaastsjerke (Swichum).
Op de foar in diel ôfgroeven terp leit de Nikolaastsjerke út it jier 1234, wijd oan de hillige Niklaas fan Myra. It gebou, mei in sealdaktoer, wurdt net mear as tsjerke brûkt en is yn behear by de Stifting Alde Fryske Tsjerken.
MienskipBewurkje
It doarp hat mei Wurdum ien feriening foar Doarpsbelang. Tegearre hawwe de doarpen in toanielferiening Nut en Nocht, in Fuotbalferiening WWS en in tennisferiening.
BefolkingsûntwikkelingBewurkje
Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2005 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 95 | 75 | 70 | 56 | 54 | 60 | 50 |
Berne yn SwichumBewurkje
- Viglius fan Aytta (1507-1577), rjochtsgelearde, waard op de grins fan Wurdum en Swichum berne yn it Barrahûs, in úthôf fan it Burgumer Barrakonvint. Viglius fan Aytta wie steatsman en ûnder Karel V en Filips II lid fan de Ried fan Steat.
StrjittenBewurkje
Ayttadyk, Moskoureed, Om 'e Tsjerke.
Sjoch ekBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Stêd: Ljouwert | |
Doarpen en útbuorrens: Alde Leie • Baard • Bears • Britsum • Eagum • Easterlittens • Feinsum • Friens • Goutum • Grou • Idaerd • Hijum • Hilaard • Himpens • Húns • Jellum • Jelsum • Jirnsum • Jorwert • Koarnjum • Lekkum • Leons • Mantgum • Miedum • Reduzum • Snakkerbuorren • Stiens • Swichum • Tearns • Warstiens • Warten • Weidum • Wergea • Wytgaard • Wurdum | |
Buorskippen: Abbenwier • Aldskou (foar in part) • Angwier • Baarderbuorren • Bartlehiem (foar in part) • Buerstermûne (foar in part) • Domwier • Finsterbuorren • Fjouwerhûs • Fûns • Goattum • Hesens • De Him • Hoek • It Hoflân • Hoptille • Marwert • Midsbuorren • Naarderbuorren • Noardein • Poelhuzen • Rewert (foar in part) • Skillaerd • Skrins • Suderbuorren • Suorein • It Tichelwurk • De Trije Romers • Truerd • Tsienserbuorren • Tsjaard • Tsjeintgum • Wammert • Westerbuorren • Wielstersyl • Wieuwens |