Reduzum
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | Ljouwert | ||||
Ynwennertal (2010) | 1098 | ||||
Webstee | Webstee fan de Redústers |
Reduzum is in doarp oan de ein fan It Swin yn de gemeente Ljouwert. Oant 1 jannewaris 2014 hearde Reduzum by de doe ophefte gemeente Boarnsterhim. Alhoewol it no net mear sa dúdlik is, is it fan oarsprong in terpdoarp, en al út de tiid dat de Middelsee yn dit part fan Fryslân hearske.
De Nederlânske namme wie: Roordahuizum en yn it Frysk wie dit: Roardhuzum. Omt it Frysk mear in sprektaal as in skriuwtaal is, is sûnt jierren keazen foar de "fonetyske" namme Reduzum, dy't neat mear te krijen hat mei de namme (fan) Roorda, dêr't de namme fan ôflaat is.
Yn letter tiden wie Reduzum, lizzend oan de wei nei Oerisel, ferneamd fanwege de herberch "De Trije Romers". Dat wie in moai sintraal plak foar gearkomsten fan de boerelju, en dat wie faaks de reden wêrom't hjir, yn wat yn dy tiid it hotel "De Grutte Trije Romers" wie, yn 1879 it Fries Rundvee Stamboek en it Fries Paarden Stamboek oprjochte binne.
It hotel is der net mear, mar in oar ferneamd plak in Reduzum noch wol: krekt bûten it doarp stiet oan wat ea de wei nei Oerisel wie De Blauwe Tent. En krekt dêr tsjinoer stiet de Doarpsmûne Reduzum.
MienskipBewurkje
Reduzum hat in feriening Doarpsbelang mei in soad kommisjes: Aktiviteiten, Ferkear, Grien, Jongerein, Kearngroep, Merke, Sportbelangen en de wurkgroep Swinlân. De Linepraat is it krantsje fan Doarpsbelang. Oan de Master Gorterstrjitte stiet De Trije Doarpenskoalle (TDS). Bern út Friens en Idaerd geane hjir ek hinne.
TsjerkeBewurkje
FerieningsBewurkje
- De Fjouwer Doarpen - soas
- Iendracht - iisklub
- Jan Reitsma - keatsen
- Moarns Ier - aaisykjen (opheft 2017)
- Sjongnocht - koar
- Stânfries - gymnastyk en kuorbal, tennis en folleybal
- Tusken Swin & Swette - kultuer
BefolkingBewurkje
StrjittenBewurkje
Alle Strjitten yn Reduzum.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Stêd: Ljouwert | |
Doarpen en útbuorrens: Alde Leie • Baard • Bears • Britsum • Eagum • Easterlittens • Feinsum • Friens • Goutum • Grou • Idaerd • Hijum • Hilaard • Himpens • Húns • Jellum • Jelsum • Jirnsum • Jorwert • Koarnjum • Lekkum • Leons • Mantgum • Miedum • Reduzum • Snakkerbuorren • Stiens • Swichum • Tearns • Warstiens • Warten • Weidum • Wergea • Wytgaard • Wurdum | |
Buorskippen: Abbenwier • Aldskou (foar in part) • Angwier • Baarderbuorren • Bartlehiem (foar in part) • Buerstermûne (foar in part) • Domwier • Finsterbuorren • Fjouwerhûs • Fûns • Goattum • Hesens • De Him • Hoek • It Hoflân • Hoptille • Marwert • Midsbuorren • Naarderbuorren • Noardein • Poelhuzen • Rewert (foar in part) • Skillaard • Skrins • Suderbuorren • Suorein • It Tichelwurk • De Trije Romers • Truerd • Tsienserbuorren • Tsjaard • Tsjeintgum • Wammert • Westerbuorren • Wielstersyl • Wieuwens |