Húns
Húns is in doarp yn de gemeente Ljouwert. It doarp krige yn de rin fan de tiid net in soad nijbou. Yn it midden fan it doarp leit it keatsfjild.
Húns | ||
![]() | ||
Doarpssicht | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 105 (2022) [1] | |
Oerflak | 3,18 km² werfan lân: 3,17 km² werfan wetter 0,01 km² | |
Befolkingsticht. | 33 ynw./km² | |
Polityk | ||
Lân | ![]() | |
Provinsje | ![]() | |
Gemeente | ![]() | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 9' N 5° 40' E | |
Offisjele webside | ||
Side Húns-Leons | ||
Kaart | ||
Namme bewurkje seksje
It doarp waard foar it earst yn 1275 beskreaun as 'Honnyghadyc'. Dêrnei komme farianten lykas Hynnynghe (1473), Hynghe (1473), Huns (1505) en Hoens (1529) foar. Yn de 18e iuw is it Huyns en yn de 19e iuw Huyns en Huns. It earste diel fan de namme soe in ferwizing wêze nei de persoansnamme Huno.[2] Mei de ynfiering fan offisjele Fryske plaknammen troch de (eardere) gemeente Littenseradiel waard de plaknamme offisjeel Húns.
Skiednis bewurkje seksje
Gaueftich nei 1200 waard de tsjerke fan Húns boud. Oant fier yn de 18e iuw bleau Húns in isolearre doarp. De iennige ferbinings fan it doarp wiene de opfeart nei de Boalserter Trekfeart en it paad dat it doarp ferbûn mei Hoptille en Hilaard. Mar ek al lei Húns isolearre, om 1750 hinne krige it doarpke dochs in panwurk, dêr't dakpannen bakt waarden. Yn it doarpswapen ferwize de reade dakpannen nei dat fabrykje. Yn de grûn fan Húns tilt it ek no noch op fan de skerven van dakpannen.
Yn de twadde helte fan de 19e iuw waard de terp foar it measte ôfgroeven, sadat de tsjerke tsjintwurdich op it ôfstutsen restant fan de terp stiet. Op it plak fan de eardere terp leit it keatsfjild. Yn 2004 binne by de terp in tritich gouden munten fûn. Dy moatte yn de 16e iuw yn de grûn stoppe wêze.[3]
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Húns diel út fan de gemeente Baarderadiel. Nei't it doarp sûnt 1984 ûnderdiel foarme fan de doe nije gemeente Littenseradiel, kaam it yn 2018 by in folgjende weryndieling by de gemeente Ljouwert.
Mienskip bewurkje seksje
De ynwenners dogge in soad tegearre mei it tichtby lizzende Leons. Der is in feriening Doarpsbelang Húns-Leons. It doarpshûs hjit de Murdhûn, ferneamd nei de bynamme fan de Húnzers.
Tsjerke bewurkje seksje
De protestantske gemeente Hilaard-Húns-Leons makket út en troch gebrûk fan de Nikolaastsjerke.
Ferienings bewurkje seksje
- Soas Húns-Leons
- De Takomst - toaniel
- Keatsferiening
Berne bewurkje seksje
- Pieter Hiemstra (1878-1953), lânbouwer, fakbûnsman en SDAP-politikus
- Frederik Gerard van Dijk (1905-1994), abbekaat en VVD-politikus
- Jan Rodenhuis (1917-1987), sosjalistysk steatelid, keatser
- Tineke Fopma (1953-), hurdfytser.
Befolkingsferrin bewurkje seksje
Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 1999 | 2004 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 151 | 154 | 152 | 144 | 129 | 101 | 104 | 105 |
It besjen wurdich bewurkje seksje
- De Wikipedy hat ek in side Nikolaastsjerke (Húns).
- De Wikipedy hat ek in side Húnzermûne.
- De 13e-iuwske Nikolaastsjerke.
- In eintsje súd fan Húns stiet de Húnzermûne, in poldermole út 1829.
Ferkear bewurkje seksje
Ferskaat bewurkje seksje
- Húns en Leons yn fûgelflecht, dit boekje waard útjûn by it 100-jierrich bestean fan de keatsferiening.
Sjoch ek bewurkje seksje
Keppeling om utens bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Stêd: Ljouwert | |
Doarpen en útbuorrens: Alde Leie • Baard • Bears • Britsum • Eagum • Easterlittens • Feinsum • Friens • Goutum • Grou • Idaerd • Hijum • Hilaard • Himpens • Húns • Jellum • Jelsum • Jirnsum • Jorwert • Koarnjum • Lekkum • Leons • Mantgum • Miedum • Reduzum • Snakkerbuorren • Stiens • Swichum • Tearns • Warstiens • Warten • Weidum • Wergea • Wytgaard • Wurdum | |
Buorskippen: Abbenwier • Aldskou (foar in part) • Angwier • Baarderbuorren • Bartlehiem (foar in part) • Buerstermûne (foar in part) • Domwier • Finsterbuorren • Fjouwerhûs • Fûns • Goattum • Hesens • De Him • Hoek • It Hoflân • Hoptille • Marwert • Midsbuorren • Naarderbuorren • Noardein • Poelhuzen • Rewert (foar in part) • Skillaerd • Skrins • Suderbuorren • Suorein • It Tichelwurk • De Trije Romers • Truerd • Tsienserbuorren • Tsjaard • Tsjeintgum • Wammert • Westerbuorren • Wielstersyl • Wieuwens |