Jellum
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | Ljouwert | ||||
Ynwennertal (2019) | 145 | ||||
Webstee |
Jellum (Nederlânsk: Jellum) is in Frysk doarp yn it westlike part fan de gemeente Ljouwert. It is in lintdoarp bylâns de seedyk fan de eardere Middelsee, deunby it hjoeddeistige spoar fan Ljouwert nei Starum. Foar de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2018 hearde it ta Littenseradiel, en foar de weryndieling fan 1984 makke it ûnderdiel út fan Baarderadiel. Jellum wurdt faak op ien sike neamd mei it buordoarp Bears, dêr't it in twillingdoarp mei foarmet. Frijwol alle pleatslike ferienings beslane beide doarpen. Op 1 jannewaris 2017 hie Jellum 142 ynwenners.
TsjerkeBewurkje
It tsjerke fan Jellum út 1700, waard yn 1832 en 1893 troffen troch bliksem. Yn 1983 baarnde it tsjerke hielendal ôf, wêrnei in nije boud waard.
Febrewaris 2020 waard de grêfsark mei grêfkelder fan Sicke fan Dekema († 1625), in bewenner fan Mammemastate, fannijs ûntdutsen ûnder de houten flier fan de tsjerke. Earder wie net dúdlik wêr't hy beïerdige wie[1].
StasjonBewurkje
Fan 1883 oant 1938 hie Jellum, tegearre mei it buordoarp Boksum, in stasjon oan it spoar fan Ljouwert nei Starum, Jellum-Boksum neamd, dat bekendheid krige troch de kanon It Muzyk Giet troch de Buorren ("Jellum-Boksum is in wiidferneamd stasjon!").
FerskaatBewurkje
- Jellum wie it berteplak fan de skriuwer Rely Jorritsma en fan de keatser Sjirk de Wal.
- Fan 1883 oant 1938 hie Jellum, tegearre mei Boksum in treinstasjon, Jellum-Boksum.
- Sûnt 1964 wurdt yn Jellum-Bears alle jierren yn mids augustus, persiis in wike nei de Freulepartij yn Wommels, de Revâns-Freule holden.
- Sûnt in pear jier wurdt yn Jellum in jierliks pompoenfestival hâlden.
- Op de sânde woansdei nei 1 july wurdt yn Jellum-Bears de revanchepartij Freulekeatsen hâlden.
MienskipBewurkje
De feriening foar doarpsbelang organisearre yn 2006 in skuorreferkeap. De feiening komt faak by inoar yn doarpshûs/kafee Jonker Sikke.
BefolkingBewurkje
StrjittenBewurkje
Hegedyk, Hilaarderdyk, Lytse Dyk, Nijlânsreed, Smidshoeke.
Sjoch ekBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Stêd: Ljouwert | |
Doarpen en útbuorrens: Alde Leie • Baard • Bears • Britsum • Eagum • Easterlittens • Feinsum • Friens • Goutum • Grou • Idaerd • Hijum • Hilaard • Himpens • Húns • Jellum • Jelsum • Jirnsum • Jorwert • Koarnjum • Lekkum • Leons • Mantgum • Miedum • Reduzum • Snakkerbuorren • Stiens • Swichum • Tearns • Warstiens • Warten • Weidum • Wergea • Wytgaard • Wurdum | |
Buorskippen: Abbenwier • Aldskou (foar in part) • Angwier • Baarderbuorren • Bartlehiem (foar in part) • Buerstermûne (foar in part) • Domwier • Finsterbuorren • Fjouwerhûs • Fûns • Goattum • Hesens • De Him • Hoek • It Hoflân • Hoptille • Marwert • Midsbuorren • Naarderbuorren • Noardein • Poelhuzen • Rewert (foar in part) • Skillaard • Skrins • Suderbuorren • Suorein • It Tichelwurk • De Trije Romers • Truerd • Tsienserbuorren • Tsjaard • Tsjeintgum • Wammert • Westerbuorren • Wielstersyl • Wieuwens |