De Mammema State wie in state oan de Hegedyk yn Jellum (foarhinne gemeente Baarderadiel, Littenseradiel, tsjintwurdich gemeente Ljouwert). De krekte lokaasje fan de state is efter it hûs fan nû. 30.

Mammema State
  kastiel
Mammema State yn 1723
Mammema State yn 1723
Lokaasje
Provinsje Fryslân
Gemeente Ljouwert
plak Jellum
koördinaten 53° 09'N 5° 44'E
Skiednis
stiftingsjier ± 1400
ferneatiging 1856
Kaart
Mammemastate (Fryslân)
Mammemastate

De âldste fermelding fan in Mammemastins is fan likernôch 1400. Ien fan de earste Jellumer eallju wie Frans fan Dekema, dy't yn Weidum op syn stins oan de Boarndyk op it Monnikhuys alias Dekemastate wenne en yn Jellum besit hie. Yn 1511 is mear as de helte fan it 657 pûnsmiet grutte himrik fan Jellum neffens it "Register van den Aanbreng" yn eigendom van de Dekema's. Mammema State wie doe fan Juw fan Dekema.

Syn soan Sicko († 1558) bewenne Mammema State simmerdeis en hy wie ien fan de tsien eallju dy't by it swarren fan trou oan kening Filips II wegere te knibbeljen, om't hja allinne knibbelje woene foar God. Troch fererving en/of útstjerren fan it skaai wiksele it eigendom nei it ferstjerren fan Katarina fan Dekema († nei 1633).

Doe't Christiana Geertruid Mekkema fan Burmania troude mei Wilco Holdinga Tjalling Kamstra, liet dy yn it lêste fearn fan de 18e iuw it slot ferbouwe en feroarings yn de beplanting yn de tún oanbringe. Likernôch om 1800 hinne waard Jan Hendrikus Jetso fan Wageningen eigner, dy't ek Dekema State fan Jelsum foar in part besiet. It Jellumer slot kaam yn 1854 leech te stean en waard twa jier letter foar de ôfbraak ferkocht. Yn 1983 is in âlde wetterboarne fan de state bleatlein. De slotgrêft fan de state is noch jimmeroan oanwêzich.

By de brân fan de Jellumer tsjerke yn 1893 gyngen de roubuorden fan de bewenners fan Mammema State ferlern. Yn 2020 krigen doarpsbewenners tastimming om de flier fan de tsjerke iepen te brekken. Dêrby waard in 400 jier âlde grêfkelder ûntdutsen mei de oerbliuwsels fan de bewenners fan Mammemastate. Ek binne twa grêfsarken fan Sicke fan Dekema († 1625) en Hil fan Tamminga († 1620) en Bote fan Grovestins († 1620) en Katarina fan Dekema werom fûn.

Bewenners bewurkje seksje

  • yn 1511 Juw fan Dekema
  • 1543-1558 Sicko Juws fan Dekema
  • 1558-1575 Luts Sickes fan Liauckama, widdo Sicko fan Dekema
  • 1575-1625 Sicke fan Dekema (byset yn de Tsjerke fan Jellum)
  • 1625-1660 Jhr. Dominicus Justus fan Botnia
  • 1660-1708 Helena fan Botnia (dochter), troud mei Jhr. Watze fan Burmania
  • 1708-1726 Jhr. Dominicus Julius Botnia fan Burmania
  • 1726-1781 Jhr. Watze Julius Dominicus Justus Botnia fan Burmania
  • 1781-± 1800 Frou Christiana Geertruid Mekkema fan Burmania
  • ± 1800 Mr. Jan Hendrikus Jetso fan Wageningen

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • States en stinzen
  • Baerderadiel, in geakunde fan it Geakundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy
  • Tegenwoordige staat van Friesland ± 1780
  • De Vrije Fries, > side 67