Britsum
Britsum is in terpdoarp yn de gemeente Ljouwert, mei 1.085 ynwenners (1 jannewaris 2004), dat Britsum is nei Stiens it twadde doarp fan de gemeente neffens grutte. It doarp leit besúdeasten Stiens, oan de súdkant fan de Stienzer Feart, dy't ferbining jout mei de Dokkumer Ie. De Menno van Coehoornwei jout ferbining mei de N357.

SkiednisBewurkje
It doarp is stifte op in kwelderwâl dy't eartiids de eastkant fan de Middelsee wie. Yn de 13e iuw krige it doarp der oan de westkant in stik nijlân by.
Twadde helte 20e iuw hat Britsum in grutte nijbouwyk op de eardere Weversterp delsette kinnen, dy't it doarp hurd waakse litten hat. Troch de lûdsoerlêst fan de Fleanbasis Ljouwert wienen Koarnjum en Jelsum minder oantreklik wurden foar nije minsken, dy't ynstee dêrfan nei Britsum gongen.
NammeBewurkje
De betsjutting fan de namme Britsum is net dúdlik. It -um soe tsjutte op -hiem. Guon geane der dan fan út dat de earste part dan in persoansnamme Britte of Britto wêst hat, it hiem fan Britte. Oaren wize op in âldere foarm Bruggiheem, dy't al foar it jier 1000 foarkomt yn de boeken fan it kleaster Fulda. Dat soe dan it hiem by de brêge wêze. Noch in oare útlis komt út op it sompige lân.
De folksferklearring is in reuzeteltsje fan twa reuzen dy't ôfhierd wienen om de Dokkumer Ie te slatten. Op in stuit waarden se wurch. Se woenen doe efkes rêstich útpûste. Se gienen dêr tsjin in tsjerke oan sitten mar dy koe harren gewicht net hâlde en foel om. Doe seinen se tsjininoar: 'Dy is britsen.'
De StatenBewurkje
Alear hie Britsum in protte staten. Der wurdt tocht dat de âldste Tsjessingastate west hat. De namme Tiesinga komt al yn 1431 foar yn in akte. De ferneamdste is faaks Lettingastate. Fierder wienen der noch de staten Jornsma, Jeltinga en Eringa of Geringa.
Der wurdt ek noch sprutsen fan Britsenburg, dat oan de Middelsee lein hawwe soe.
TsjerkenBewurkje
Britsum hat twa tsjerken. De romaansk-goatyske herfoarme Jehannestsjerke datearret likernôch út 1250. By in restauraasje yn 1990 waarden yn dit gebou âlde, oerskildere fresko's oantroffen. De âlde grifformearde tsjerke is fan 1867; yn 1968 waard der in nije grifformearde tsjerke boud, dy't De Hoekstien kaam te hjitten.
StasjonBewurkje
Britsum hie in stasjon oan it spoar fan Ljouwert nei Eanjum. It doarp wie de halte tusken Koarnjum en Stiens, mei de geografyske ferkoarting Bts. It stasjon waard iepene 22 april 1901, doe't it spoar fan Ljouwert nei Ferwert iepene waard en waard wer sletten op 1 desimber 1940 doe't hiel it spoar opheft waard.
MienskipBewurkje
Britsum hie de basisskoallen, 'De Foarikker' en 'De Homeie'; yn 2015 fusearren dy ta 'De Swirre'. Fjouwer kear jiers ferskynt doarpskrante 'De Troffel'. Buertferienings binne Menno’s Paed, 'Finne De TrochsettersFiif Strjitten', Aldlânsdyk, 'De Kamp', Lieuwe Wever, 'It Greidenselskip' en 'Sillân'.
FerieningenBewurkje
- De Bazún - brassband
- Blide Stimmen - senioaresjongen
- Grut Britsum - motorklup
- Stichtingbestjoer Britsenburgh
- Bezint eer gij begint”
- iisklup It Leechje
- Fuotbalferiening DTD
- Fuotbalferiening CSC
- Fuotbalferiening CSL
- Kuorbalferiening CSL
- Stasko - follybal
- Keatsklup Britsum
- Friso - gymnastyk
- De Welle - sjongen
- Ut it nekje - biljerten
Bekende BritsumersBewurkje
- Menno van Coehoorn, militêr en festingboukundige
- Taco Roorda, taalkundige
- Reinder Sierks Roorda, genealooch
- Maria Rutgers-Hoitsema (1847-1924), feministe, ûnderwizeresse en sosjaal herfoarmster
Untwikkeling ynwennertalBewurkje
- 2009 - 1.020
- 2008 - 1.020
- 2004 - 1.085
- 2003 - 1.091
- 2002 - 1.104
- 2001 - 1.112
- 1999 - 1.112
- 1973 - 686
- 1969 - 641
- 1964 - 597
- 1959 - 610
- 1954 - 583
- 1900 - 486
- 1848 - 326
StrjittenBewurkje
Aldlânsdyk, De Greiden, De Kamp, Efter de Wâl, Finne, Grutte Buorren, Lange Hage, Lieuwe Jellingastrjitte, Lytse Buorren, Lytse Dyk, Menno van Coehoornwei, Sillân, Sillânsreed, Stêdpaad, Swynserreed, Weversterp.
Sjoch ekBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Stêd: Ljouwert | |
Doarpen en útbuorrens: Alde Leie • Baard • Bears • Britsum • Eagum • Easterlittens • Feinsum • Friens • Goutum • Grou • Idaerd • Hijum • Hilaard • Himpens • Húns • Jellum • Jelsum • Jirnsum • Jorwert • Koarnjum • Lekkum • Leons • Mantgum • Miedum • Reduzum • Snakkerbuorren • Stiens • Swichum • Tearns • Warstiens • Warten • Weidum • Wergea • Wytgaard • Wurdum | |
Buorskippen: Abbenwier • Aldskou (foar in part) • Angwier • Baarderbuorren • Bartlehiem (foar in part) • Buerstermûne (foar in part) • Domwier • Finsterbuorren • Fjouwerhûs • Fûns • Goattum • Hesens • De Him • Hoek • It Hoflân • Hoptille • Marwert • Midsbuorren • Naarderbuorren • Noardein • Poelhuzen • Rewert (foar in part) • Skillaerd • Skrins • Suderbuorren • Suorein • It Tichelwurk • De Trije Romers • Truerd • Tsienserbuorren • Tsjaard • Tsjeintgum • Wammert • Westerbuorren • Wielstersyl • Wieuwens |