Grifformearde tsjerke (Britsum)

De Hoekstien is de eardere grifformearde tsjerke en it tsjintwurdige tsjerkegebou fan de Protestantske Tsjerke yn Nederlân yn Britsum yn 'e gemeente Ljouwert).

De Hoekstien
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Britsum
adres Stedpaed 23
koördinaten 53° 15' N 5° 46' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
arsjitekt Steen en Tuinhof
boujier 1859 (âlde gebou)
1968 (nije gebou)
Webside
PKN Britsum-Koarnjum-Jelsum
Kaart
Grifformearde tsjerke (Fryslân)
Grifformearde tsjerke

Foarskiednis

bewurkje seksje

Fan 1834 oant 1844 stie yn 'e herfoarme Jehannestsjerke fan Britsum de rjochtsinnige dû. S.S. Tromp. Doe't dy einlings fuortwurke waard, moast der in nije dûmny komme. De frijsinnige floreenplichtigen woene doe, yn tsjinstelling ta in grut part fan de Britsumers, dat der ien fan de nije rjochting kaam. Dat waard dû. S. Hoitsma.

De otterdoksen wiene net bliid mei Hoitsma en dêrom waard der yn 1851 in evangelisaasje stifte. Foargonger waard Jan Hendriks Maatjes. Dy wie ek evangelist op It Bilt. In grut part fan de leden fan evangelisaasje hie sympaty foar de ôfskaten. Yn 1862 gie de evangelisaasje sadwaande oer nei de Ofskieding. Maatjes waard yn 1863 talitten as ôfskate dûmny. Hy hat net lang yn Britsum stien, yn 1865 naam er in berop yn Bunskoat oan.

Tsjerkegebou

bewurkje seksje
 
De âlde grifformearde tsjerke oan de Liuwe Jellingastrjitte

Yn 1859 waard der oan 'e Liuwe Jellemastrjitte yn Britsum in gebou setten foar de evangelisaasje. Dat waard yn 1862 in folweardige tsjerke. Dy âlde grifformearde tsjerke waard ferskate kearen útwreide en bleau oant 1968 yn gebrûk. Doe't it tal grifformearden oanwoeks, is der dat jiers in nije tsjerke boud oan it Stedpaed, dy't de namme fan 'De Hoekstien' krige. It âlde gebou waard doe ferkocht en krige in bedriuwsbestimming.

It oargel fan 'e grifformearde tsjerke fan Britsum is omtrint 1910 boud troch de fa. L. van Dam & Zonen út Ljouwert. It waard yn 1968 oerset nei de nije tsjerke en restaurearre troch de fa. Pels & Van Leeuwen út Alkmar.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: