Goutum
Goutum is in doarp dat yn de gemeente Ljouwert leit. Goutum leit noardlik fan Wurdum, westlik fan Himpens en Tearns en besuden Ljouwert. De doarpskearn fan Goutum leit om de Buorren.
Goutum | ||
Agnestsjerke | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân Fryslân | |
Gemeente | Ljouwert | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.360 (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oerflak | 1,52 km² lân: 1,41 wetter 0,11 km² | |
Befolkingsticht. | 147 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 10'N 5° 49'E | |
Offisjele webside | ||
Side goutum.info | ||
Kaart | ||
Goutum hat 3.360 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Skiednis
bewurkje seksjeGoutum wie oarspronklik in terpdoarp mei oan de westkant fan de terp de yn 1882 ôfbrutsen Wiarda State. Yn de 12e iuw waard op de terp de oan Sint-Agnes wijde tsjerke boud. De famylje Burmania hat dêr in grêfkelder. De tsjerke hat in Van Damoargel út 1864. Súdwestlik fan it doarp lei eartiids ek noch de terp Techum, dy't yn de 19e iuw ôfgroeven waard.
Sûnt 1943 leit Goutum yn de gemeente Ljouwert, dêrfoar lei it doarp yn Ljouwerteradiel (sudertrimdiel).
Yn de rin fan de tiid wreide de bebouwing him nei it westen út yn 'e rjochting fan de Oeriselskeleane. Nei it easten is it doarp útwreide oant ticht by de westlike útbuorren fan Tearns. Fral sûnt de jierren 1970 is Goutum bot fan karakter feroare. Troch de oanlis fan Goutum-Noard grinzget de bebouwing tsjintwurdich fuort oan de stêd. Allinnich it Van Harinxmakanaal leit der noch tusken. Yn de iere 21e iuw waard Goutum útwreide mei de wyk Goutum-Súd. Besuden fan it doarpsgebiet wurdt Ljouwert fierder útwreide, sadat it doarp feitlik in stedswyk fan Ljouwert is.
Súdlik fan it doarp leit it âldste krematoarium fan Fryslân, itjinge Goutum de bynamme 'Stoke-city' oplevere.
Goutum is oer it wetter troch de Wurdumer Feart nei it suden mei Wurdum ferbûn. De feart foarmet nei it noarden lykwols gjin ferbining mei it Van Harinxmakanaal. Nei it easten is de Tearnserdyk in ferbining mei Drachtsterwei en fierder nei Suderbuorren, Tearns en Himpens en Wergea.
Wapen
bewurkje seksjeDe trije kannen ferwize nei de trije states fan it doarp. De swan is oernommen fan it wapen fan de famylje Wiarda, wylst de kleuren fan it wapen fan Eastergoa stamme.[2]
Mienskip
bewurkje seksjeAlhoewol't Goutum feitlik in stedswyk fan Ljouwert is, hat it noch wol it doarpshûs 'Ien en Mien', in jierliks doarpsfeest en in warbere doarpsferiening mei in grut tal foarsjennings, lykas in boarterstún, in iisbaan en oan de eastlike kant it sportpark Wiarda. Foar oare foarsjennings en foar harren wurk binne de ynwenners rjochte op de stêd of oare plakken.
Tsjerke
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Agnestsjerke.
De PKN-gemeente Goutum makket gebrûk fan de Agnestsjerke yn Goutum en de Martinustsjerke fan Himpens.
Skoalle
bewurkje seksje- Yntegraal Bernesintrum Wiarda
Ferienings
bewurkje seksje- De Kûle - jongereinsoas
- Wêz Warber - kuorbal
- Keatsclub Goutum
- Iisclub Goutum
- Tennisclub Goutum
- Gymnastykferiening
- Jeugdfûgelwacht
- Samar Klear - biljerten
- Krap by Kas - toaniel
- Goutumer shantykoar
- Eigen Wijs - frouljuskoar
Berne yn Goutum
bewurkje seksje- Sjoerd Pijbes Wiarda († 1410), ealman
- Tjomme Oenes Wiarda († 1473), ealman
- Sytse Singelsma (1951-), keunstskilder, sjoernalist en keunstkritikus.
- Saakje Huisman (1951-2001), Frysk skriuwster
- Doete Venema (1951-), Frysk skriuwster
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1848 | 1913 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 1999 | 2001 | 2002 | 2003 | 2004 | 2005 | 2020 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 284 | 452 | 523 | 619 | 648 | 642 | 761 | 2.295 | 2.539 | 2.701 | 2.689 | 2.634 | 2.623 | 3.275 | 3.315 |
Mûnen
bewurkje seksjeSawat twa kilometer west fan it doarp steane oan de Swette twa spinnekopmûntsjes; de Mûne Heechlân en de Kramersmole.
Strjitten
bewurkje seksjeAlle strjitten yn Goutum.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Ljouwert | ||
---|---|---|
Stêd: Ljouwert | ||
Doarpen en útbuorrens: Alde Leie • Baard • Bears • Britsum • Eagum • Easterlittens • Feinsum • Friens • Goutum • Grou • Idaerd • Hijum • Hilaard • Himpens • Húns • Jellum • Jelsum • Jirnsum • Jorwert • Koarnjum • Lekkum • Leons • Mantgum • Miedum • Reduzum • Snakkerbuorren • Stiens • Swichum • Tearns • Warstiens • Warten • Weidum • Wergea • Wytgaard • Wurdum | ||
Buorskippen: Abbenwier • Aldskou (foar in part) • Angwier • Baarderbuorren • Bartlehiem (foar in part) • Buerstermûne (foar in part) • Domwier • Finsterbuorren • Fjouwerhûs • Fûns • Goattum • Hesens • De Him • Hoek • It Hoflân • Hoptille • Marwert • Midsbuorren • Naarderbuorren • Noardein • Poelhuzen • Rewert (foar in part) • Skillaerd • Skrins • Suderbuorren • Suorein • It Tichelwurk • De Trije Romers • Truerd • Tsienserbuorren • Tsjaard • Tsjeintgum • Wammert • Westerbuorren • Wielstersyl • Wieuwens | ||
· · |