Wiardastate

(Trochferwiisd fan Wiarda State)

De Wiardastate wie in state yn Goutum, gemeente Ljouwert. Fan de state is neat werom te finen, yn Goutum stiet noch in betinkingsmonumint. De state waard yn de lette Midsiuwen bewenne troch it haadlingelaach Wiarda.

Wiardastate yn 1786
Ynterieur Wiardastate, 1881
Tinkstien Wiardastate 2012

Om 1380 wenne Pybe Wiarda yn Goutum en hy wie grif de heit fan Sjoerd Wiarda. Dy lêste wie yn 1399, yn de striid tsjin de greve fan Hollân, oanfierder fan Eastergoa. Op de lândagen fan Eastergoa yn it tichtbylizende Barrahûs wie hy in man fan kwizekwânsje. Yn 1400 moat hy meifochten hawwe oan de kant fan de Skieringers yn de slach om Dokkum en om de Camminghastins. In 1406 wie hy mei-rjochter yn it gerjocht in der Bacuwa, it Ljouwerter Nijlân, súdwestlik fan de stêd. Sjoerd hie twa bruorren, Ids en Oene. Ids naam de namme fan syn mem oan en neamde him Ids Eminga. Hy boude Emingastate op ûngefear it steed fan it hjoeddeiske rêsthûs Aldlânstate. Oene krige ek syn eigen state: Burmaniastate, in eintsje westlik fan de Emingastate.

  • 1380 Pybe Wiarda
  • 1399 Sjoerd Wiarda
  • -1473 Tsjomme Wiarda
  • 1473 Syds Eminga
  • 1511-1541 Minne fan Eminga
  • 1541-1557 dy syn frou Eelck fan Jaarla
  • 1557-1600 Minne fan Emiga (soan fan foarrige)
  • 1600-1613 dy syn frou Frouck fan Wytsma
  • 1613-1627 Gerrit fan Eminga en Tryn fan Galama (ferstoarn sûnder bern)
  • 1627-1651 Riemke van Galama, in nicht fan Tryn. Troude mei Sicke fan Aebinga († 1636) en wertroude mei Syds fan Eminga († 1651)
  • 1651-1659 Sicke fan Eminga (soan fan Syds) en syn frou Frouck fan Aylva
  • 1659-1733 Tiberius (Tjepke) Pepinus fan Eminga en syn earste frou Lucia fan Ornia († 1703), syn twadde frou Christine van der Goes ( †1713) en syn tredde frou His Mary fan Burmania
  • 1733-1757 His Maria fan Burmania en har twadde man Ulbo Sixma fan Andla Fan Cammingha’s
  • 1757-1760 Ulbo Sixma fan Andla

Dan komt de state oan de Fan Cammingha’s (fan Oenemastate yn Wurdum)

  • 1760-1770 Gerrit Ferdinand fan Cammingha, neef fan His Mary fan Brumania, en syn frou Anna Catharina Eleonora fan Albada
  • 1770-1793 Ruerd Carel fan Cammingha (in jongere broer fan foargeande) en syn frou Maria Geertruida Sellis de Fanson († 1785) en dêrnei mei syn twadde frou Anna Catharina Louisa Lemper
  • 1793-1832 Anna Maria Louisa Lemper, wertroude mei jhr. Otto Friedrich Wilhelm von Glockmann († 1816)
  • 1832-1842 Maria Geertruidis van Cammingha, dochter fan foarige, frijfaam
  • 1842-1881 Ruerd Carel van Cammingha, neef (omkesizzer) fan foarige, protestantsk wurden, en syn frou Johanna Frederika Cornelia Egé
  • 1881 state op ôfbraak ferkocht
  • 1882 state ôfbrutsen

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • Stinsen en States, adellijk wonen in Friesland troch Ronald Elward en Peter Karstkarel
  • Ljouwerteradiel troch dr. G. Abma, 1984
  • website fan Tresoar