Kramersmole
De Kramersmole is in poldermole bewesten it doarp Goutum, dat diel útmakket fan de gemeente Ljouwert.
De Kramersmole en de Mûne Heechlân stienen earder tegearre by Wurdum, dêr't se flakby it Van Harinxmakanaal de polder Wurdumer Nijlân bemealden. Se rekken yn ferfal neidat se dizze funksje ferlern hienen. De beide spinnekopmoles waarden yn 1985/1986 eigendom fan de Stifting De Fryske Mole, dy't se yn 1995 ferfarre liet nei in plak sa'n twa kilometer bewesten Goutum oan De Swette, om se dêr te restaurearjen. Yn 2002 waard de restauraasje fan de Kramersmole foltôge. It herstel fan de Mûne Heechlân wie yn 2004 klear. Beide moles binne maalree en kinne op ôfspraak besichtige wurde.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |