Saakje Huisman, berne as Saakje Venema (Goutum, 4 maart 1951 - Grou, 21 novimber 2001) wie in Frysk skriuwster.

Saakje Huisman is hikke en tein op in pleats yn Goutum, lykas har twalingsuster de skriuwster Doete Venema. Nei de Mulo yn Ljouwert waard hja dêr learling-ferpleechster. Sy troude yn 1971 en krige twa bern. Doe't dy noch lyts wienen helle hja in ûnderwiisfoech Frysk. Hja joech kursussen Frysk oan de Afûk. Yn 1991 waard se museum-assistinte by it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FMLD) yn Ljouwert. Yn 1997 waard, in wike nei't hja foar de tredde kear de Alvestêdetocht útriden hie, boarstkanker by har fêststeld. Oan de gefolgen dêrfan is sy yn novimber 2001 stoarn.

Op har sechtjinde begûn Huisman Nederlânskstalige gedichten te skriuwen dy't hja lykwols letter ferbaarnd hat. Ek har Frysktalige publisearre sy lykwols hast net. Yn dy persoanlike ferzen, faak yn de hjerst skreau', utere sy itjinge dat har dwers siet. Inkele fan har Fryske gedichten binne yn it twatalige tydskrift Vogelaar ferskynd. Oaren ferskynden yn de De Lyrische Courant, de Skriuwerskalinder en (postúm) yn de sammelbondel Leave deade.

Har earste ferhaal, dêr't sy in earste priis yn in pleatslike priisfraach wûn, waard publisearre yn it literêre tydskrift Absint, dêr't letter ek oare ferhalen fan har yn opnaam waarden. Teffens ferskynden har ferhalen yn Frysk & Frij en, fan 1996 oant 1997, yn it Friesch Dagblad. Ek de sammelbondels mei ferhalen foar jongerein Skroei (1987), Broei (1991) en It Nachtboek (1992) brochten Huisman's ferhalen.

Huismans debút yn boekfoarm wie de ferhalebondel Sûnder hûd (1998), in kombinaasje fan âld en nij wurk, ferdield yn de stikken Libje - Op 'e râne - Fan it bestean, titels dy't ek as motto foar it hiele boek opfette wurde kinne. It earste ferhaal út de bondel, Bestean, is autobiografysk. Huisman fertelt hjiryn op in hast ôfstanlike, realistyske, mar ek koartswillige, oer it wjerfarren fan in frou mei boarstkanker. De oare ferhalen hannelje oer meast froulju dy't in bytsje oars as oars binne.

Yn 2000 ferskynde Huismans iennige roman, Losse hannen. Twa froulju stienne dêryn sintraal: it puberfamke Tessa, dy't mei allerhanne problemen wrakselt, en in frou mei de namme Sjerda, dy't in fyn laachje hier oer har hiele lichem hat. It boek jout in soad omtinken foar de psychologyske ûntjouwing fan beide haadpersoanen en kritisi priisgen fral de libbene dialogen.

Publikaasjes

bewurkje seksje
  • 1987: ferhaal yn Skroei (ferhalebondel)
  • 1991: ferhaal yn Broei (ferhalebondel)
  • 1992: ferhaal yn It Nachtboek (ferhalebondel)
  • 1998: Sûnder hûd (ferhalebondel)
  • 2000: Losse hannen (roman)
  • 2003: gedicht yn Leave deade

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: