Jabikswâlde

(Trochferwiisd fan Goutum-Súd)

Jabikswâlde of Goutum-Súd is in buorskip en wykdoarp yn de gemeente Ljouwert. It leit benoarden it wykdoarp Techum en leit njonken de wyk De Súdlannen. Jabikswâlde is sels net in doarp, mar in wenwyk dat yn de foarm fan in doarp boud waard.

Jabikswâlde yn oanbou yn 2015
Eco-Zathe

Jabikswâlde wie part fan it útwreidingsplan De Zuidlanden fan Ljouwert, mar is de iennige fan de nijboude buorskippen dy't net ûnder de stêd Ljouwert falt, mar ûnder it doarp Goutum. Dêrom wurdt de buorskip ek wol "Goutum-Súd" neamd. It plan foar Jabikswâlde krige mei ophâld te krijen fanwegen in beropsproseduere tsjin it bestimmingsplan. De Rie fan Steat hie oanjûn dat der gjin wenten boud wurde mochten yn in straal fan 100 meter fan it krematoarium Goutum[1]. Yn 2010 waard de grûn reemake foar it bouwen en yn 2011 waarden de earste wenten boud. Jabikswâlde leit tusken Techum en Goutum yn en it plan befettet likernôch 240 wenten en in multyfunksjoneel sintrum (soarchynstelling mei foarsjennings dy't der by hearre) fan Zorgpartners Friesland.

Oan de râne fan de buorskip stiet de biogassintrale Eco Zathe.

De eastlike rûte fan it Jabikspaad, de Fryske Camino de Santiago, rint troch Goutum en de wyk Jabikswâlde. It Jabikspaad is 130 kilometer lang en rint fan Sint-Jabik nei Hasselt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: